Kompleten is in boek dat oan alle einen en kanten bol stiet fan symbolyk en rituelen. It binne eins trije ferhalen yn ien, in trije-ienheid dus. Ferline, hjoed en takomst spylje in rol. It ferline bestiet út brieven fan in pater fransiskaan yn Brazilië, it no is foar de ik-figuer yn in benediktiner frouljuskleaster en de takomst beskriuwt de sykte en it ferstjerren fan Jens, de man fan de ik-figuer.
It is de ivige syklus, de lemniskaat, de lizzende acht: ferline oan ’e iene kant, takomst oan de oare en yn it krúspunt it hjir en no. It is dizze lemniskaat, de 8, it getal fan de folsleinens, it figuer dêr’t gjin begjin en ein oan is, dy’t troch it boek hinne hieltyd werom komt en nea yn letters skreaun wurdt, sadat de ûneinigens sichtber oanwêzich bliuwt.… Lês fierder