Skermer

Myn inerlik lichem meldt him

logo.ensafh

Ik fiel my los en net bestjoerd troch mysels.
In skip dat lossmiten is.
Ik driuw los om yn mysels.
Lykwols bin ik net dêr’t ik bin.
Ik bin licht yn ’e holle.
Ik ha ek pineholle.
Ik fervje de keamer, ik doch de tún.
Mar ik bin net ferbûn.
In oar docht it.
Ik ha net it idee dat wat ek mar no in boei wêze kin.
Immen opsykje net.
In praatsje op ’e dyk net.
Mei myn frou op bêd gean net.
In ein fytse net.
It lân yn rinne net.
Nei muzyk harkje net.
Ik ha gjin hâld.… Lês fierder

Willem Winters

Diktee

logo.ensafh

Oft ik mei die oan it Groat Leewadder Diktee? Hawar, ik doch it. Ik bin dan wol in Feenster, en yn it Feensters klinkt it faak krekt wat Nederlânser as it Liwadders. Mar ik kom.
Moai op ’e tiid stap ik it stêdhûs yn, boppe is kofje. Om dêr te kommen moatst oer in glêzen flier en glêzen treppen. De akkomodaasje fan myn eagen is net optimaal, ik sjoch de hichteferskillen mar min, foaral op sa’n glêzen trep mei ljocht fan ûnderen. In oare gast dy’t mei my oprint, klaget ek bot oer dy glêzen flier, hy hat hichtefrees. Wy kinne wol gek wurde yn sa’n glêzen doalhof.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

De grantige djipte

logo.ensafh

It aard is it ferskil tusken wurden,
aldergeloks prate fleanende fisken net.
Sy sjogge nei de wrâld en misse in moat
yn de skiif fan harren eagen, draaist se
in kwartslach en de slach mist in hert.

Harren likense ôfstân hjit ‘moai’ of
‘mâl’( wat in âldfrinzige begripen!)
en brekt de oere fan hjoed soer op.
Wurden skolperje as morele katers
of driuwe mei slûpende wille troch it ear.
Soms dogge se je eagen sear. Gearkrongen
gûnzje se mâl, se laitsje je út,
mei om de mûle in grantige trek
dy’t mear en mear op kleare grime liket.

Yn de spegel sjoch ik in frou
mei ûngelikense eachbrauwen.… Lês fierder

Neeltje Bonnema

Der binne grinzen

logo.ensafh

Se hie it ding kocht by de Hema. Op in hurde, reade plastyk ûndergrûn sit in lange priem. Earst hie se de standert yn it midden fan it buro stean, de foto fan Wouter fansiden skood.
Sa yn it midden wie miskien dochs te opfallend, krekt as soe dy priem it wichtichste wêze. En dat wie net sa, of leaver sa moast it net lykje. En it wie ek net sa, it wurk, dêr gie it om. Se hie der rjocht op. It wie der by ynbegrepen, it stie goed yn de funksjeomskriuwing. Dêr hie se goed op lette moatten, wat der krekt stie yn dy omskriuwing.… Lês fierder

Willem Winters

Aaiber

logo.ensafh

Rudy Kousbroek waard as skriuwer fan De aaibaarheidsfactor, it boekje mei in sêft feltsje, tige ferneamd by in breed publyk. Doe’t syn ferstjearren bekend waard wiene de eksemplaren dy’t op ynternet oanbean waarden samar ferkocht. Ik hie al wol in jier ien bij boekwinkeltjes yn ‘e oanbieding en no samar fuort.
Myn eigen eksemplaar is bysûnder. Der sit in ienfâldich mei de hân skreaun boekje yn fan in Greet, makke ‘voor Geert’s 45e jaardag: van de poezen Suzanna – bijna 9 jaar en Lummel – bijna 10 jaar.’
Side 3- in foto fan in griiswite poes yn ‘e tún. Op side 7 de oare poes, ‘de mollenvanger en kotser’.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Bhagawad Gita (03)

logo.ensafh

It Liet fan ús Hear

Bhagavad Gita

It Boek fan ’e Yoga

Ynlieding

Koe Skermer in wykmannich ferlyn yn in kolumn op ENSAFH skriuwe dat der neat út de Bhagavad Gita nei it Frysk oerset is – troch in lokkich tafal wurdt er op syn winken betsjinne – ik wie der doe krekt mei begûn.

Romrofte teksten, en fral religieuze teksten, binne oergroeid mei troch tradysje of ortodoksy oerdroegen oardielen, foaroardielen of minder relevante ynformaasje. De ideale lêzer wol de tekst as tekst bedjipje, mei help fan alle nuttige ynformaasje oer de kultuer dêr’t it yn ûntstien is. Om in tekst te begripen brûkt er syn subjektive, minsklike ûnderfining as helpmiddel: de minske is de maat foar de minske.

Lês fierder
Skermer

Alde masters

logo.ensafh

Alde masters. Se binne te finen yn keunsthistoaryske museums. It is ek de titel fan in boek fan de Eastenrykse skriuwer Thomas Bernhard, Alte Meister.

Ik bin in skilderijmuseumfretter. Ik strún alle museums yn Nederlân ôf en as der earne in útstalling is fan in grutheid bin ik der by. Ik kom ek wol oer de grins. Lêsten ha ik nei Frankfurt am Main west nei de earste grutte oersjochútstalling fan de Italiaanske renêssanseskilder Sandro Botticelli. Mei de trein. De moarns op it Hearrenfean om ien minút oer seizen, yn Zwolle en Arnhem oerstappe, om alve oere hinne yn Frankfurt op it ymposante, njoggentjinde ieuske kopstasjon mei rûne oerkappingen en neoklassike foargevel, fierders alles modern.… Lês fierder