Skermer

Berne foar it paradys

logo.ensafh

Minsken binne berne foar it paradys. Sa sjoch ik it. Net foar de hel.

Mar dât is wol de omjouwing dêr’t se har yn rêde moatte. Ik bin net nayf.

Ik siet mei trije jonge minsken oan in taffeltsje yn it Grand Café fan it Gemeentemuseum yn Den Haag. Wy hiene de útstalling Cezanne-Mondriaan-Picasso besjoen. It wie oan in kop kofje of oars wat ta.
Ik seach nei dy jonge minsken en tocht: se binne berne foar it paradys.
Dat wie in emoasje.

It buorjonkje dat troch de hage ropt: ‘Hee.’ En wat letter: ‘Wat dogge jim?’ It buorjonkje, dat jin trouhertich oansjocht en gjin kwea yn it sin hat en folslein betrouwen yn jin stelt.Lês fierder

Andries Miedema

Teplak

logo.ensafh

De dei wie dien en op dy skiere jûn,
wylst skimer ’t grien ûntnaam fan ‘e dampe miede
in keppel kij yn dize driuwend rûn,
foel stiltme efkes wei troch ’t klokkelieden.

Ut ’t rûge perk naam ik fiif fingers ierde,
woech op ‘e hân as wie it goud de grûn.
De frou dy’t neist my my troch ’t libben fierde,
oereage ’t fjild oant dêr’t de kym ferdwûn:

Set hjir ús wente want as moarn de sinne
de greiden gloedzje sil en ’t libben tiert,
de fûgels sjonge oer it rûzjend liet

fan reid en ’t hoare boerewurkjen hinne,
stean wy dêr yn ’t fermidden mei ús plannen
en ’t honk foar alle tiid ûnder de pannen.… Lês fierder

Koos van der Sloot

Sonnet

logo.ensafh

‘Koos van der Sloot makket keunst fan útsûgde aaien die’t er mei allerhanne objekten gearfoeget ta assemblaazjes. Byldgedichten, sa soe men se neame kinne.’ (Huub Mous)

sonnet4

(foto: Linus Harms)

Op de boppesteande foto is it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot te sjen, it is in ‘byldgedicht’, yn dit gefal in ‘byldsonnet’. Elk aai stelt in wurdlid foar, in lossteand aai is ien wurd, tsjininoaroan pleatste aaien foarmje in wurd fan safolle lidwurden as der aaien tsjininoaroan stean.

Skriuw in sonnet op…

ensafh noeget elkenien út om it ‘byldsonnet’ fan Koos van der Sloot om te setten yn in ‘wurdsonnet’, folslein neffens Van der Sloot syn skema, dat wol sizze hast folslein.… Lês fierder

Jelma Knol

Yasperina yrriteart

logo.ensafh

Bollman & Bollman, Marga Claus har fjirde roman, giet oer in travestyt, Yasper, dy’t wurket oan syn coming out.  De fraach is oft dat troch syn omjouwing akseptearre wurdt.
Dêrmei snijt Marga Claus op ’e nij in maatskiplik relevant tema oan yn har wurk, lykas se earder die yn Oxzana, ferhaal fan in flechtling (2000) en De heit fan Serafyn (2003). Dat falt yn dizze skriuwster dy’t tige lêsbere romans mei in heldere struktuer skriuwt, te priizgjen. Itselde jildt foar de yngeande dokumintaasje fan har ûnderwerpen. Wat dat lêste oanbelanget past Bollman & Bollman skoan yn de rige romans dy’t se earder skreaun hat.… Lês fierder

Hidde Boersma

‘Two more beer’

logo.ensafh

As er slein hat sis ik: ‘Maarten?’
De jup sjocht my freegjend oan.
‘Maarten, dochs?’ sis ik, hy knikt, ‘Israël, Hayarkon Hostel, Tel Aviv.’
‘Ojaaah, nou zie ik het, wow!’
‘Dat ik jou ineens herken!’
‘Hoe is het mogelijk!’
We fûstkje en prate wat. Hy jout my syn tillefoannûmer en adres en seit dat ik altyd wolkom bin.

Yn Israël ha’k eins mar ien kear mei him praat. We wennen beide in moanne as trije yn it selde hostel. Ik wist dat er in Nederlanner wie, mar ik fûn him in bal. We sieten wol oan  deselde bar te sûpen fan de heale liters Carlsberg en praten mei deselde lju, mar we seine inoar noch gjin goeie.… Lês fierder

Willem Winters

It blikje

logo.ensafh

Och, wat die my dat goed, dat blikje sa grut as it blikje fan de leverpastij. It stie yn in fitrine, op in plak dêrt it hielendal net opfoel. It wie dat ik net hastich wie en alles stik foar stik besjen woe, dat ik it seach. Ja werklik it wie it ferneamde blikje. It seach der wat teheistere út. Echt in âld blikje. Sjoen yn it Weser Museum yn Bremen.
Oer hokker blikje ha wy it? It blikje mei ‘poep fan de keunstner’, fan Pierre Manzoni. 90 blikjes á 30 gram makke er. Foar my hat dit blikje likefolle te betsjutten as Duchamp syn pisbak.… Lês fierder