Edwin de Groot

Roomske monolooch

logo.ensafh

hoe’t it begûn it daagjen omskreaun mei taal rigels of krekt it wyt
der tuskenyn bûn dat ferhaalt in kommen en gean fan de nachten de
dagen
ta dagen makket it ûntbrekken fan wyt de letters de wurden der
wie ris

net ien derby tichtmitsele no mei de keunst fan ’t oertsjûgjen
en it Skrift is suver want it boek is tsjok in tsjok boek
oer hoe’t it gien is neam al it oare ketters praat

Al draait om ús, Galileo Galilei!
de ierde te swier en klim oer de sinne fal oan de oare kant werom
wy draaie der net omhinne sa is it skreaun do silst it net winne

wy skake mei it swart en wyt fan taal mat is gjin opsje
ús kening sil noait om kom werom fersmyt dyn bernich praat
knibbelje foar de bûtenkant ús muorren fan perkamint bûch

lit ús it wurd de fear de inket brek thús yn Arcetri
achter de kleden dyn tosken op de lear de boeken
tink ast it net litte kinst

mar it wyt dat mist is uzes loadse wy it rap en rút
de dagen dêr’t hja yn duorje it ûnthâlden faak net wurdich
en dan net slim as guon oer de râne falle

dat is de wierheid út de grutte hûzen wei gjin plak foar moederaasje
kom net by de ôfgrûn al helpe wy mei in triuwke by need
as it skreaun is of sa gau it skreaun wurdt dat it sa moat

nimmen fan ús bliuwt bern Galileo
en mar in pear wenje yn grutte hûzen… Lês fierder

Jouke Hylkema

Noaswiis

logo.ensafh

De twa manlju hongen wat sjofel ûnderút, oars as it fleurige frommeske dat op it puntsje fan ’e stoel siet. Miskyn fielde se har oanlutsen ta myn wite sportsokken, de swartlearen broek, en benammen de strakke sulverkleurige body dy’t ik oer it optoaide krús lutsen hie. Se naam my mei grutte eagen op. Ik rûsde har op in jier as fyftich, ek al besocht se der noch wakker tweintich jier jonger út te sjen mei in laach maskara dêr’t je samar in muorke mei foegje koenen. Hawar, it frommeske naam it wurd mei in hege, suver sangerige stim dy’t yndied mear by in famke fan tweintich paste.… Lês fierder

Skermer

Fier fuort

logo.ensafh

Wûnderlik, ik fiel my hiel fier fuort. Ik sit wol yn myn keamer, achter myn kompjûter, mar ik bin der net.
De wierheid is neffens my, dat ik fierder fan ’e ierde ôf bin as Neptunus.
Dêr ha ik dan mear as tolve jier oer dien.
It is fassinearjend wat him yn jins holle foardocht.
Ik ha fansels ferlet fan stilte en leechte.
Dat wat bin ik bliid dat ik dy ôfgryslik grutte Neptunus mei al syn moannen en ringen foarby bin.
Myn grimelgrammelpineholle ebbet no wei.

Om’t ik dit opskreaun ha.
Om’t ik it sinnestelsel ferlitten ha, al is it ek mei pine yn it hert.… Lês fierder

In memoriam Tony Feitsma (2)

logo.ensafh

Fochten hat se har hiele libben, fochten om heard te wurden

Op 9 augustus 2009 is Tony Feitsma stoarn. ‘Nei in warber libben dat yn it teken stie fan Fryslân en it Frysk en nei in dreech lêste jier is ta ús fertriet ferstoarn myn suster en ús muoike professor Anthonia Feitsma’ – sa stie it op de roubrief fan de famylje. Ut namme fan it bestjoer fan it Fûûns fwar it Frysk – ek wol ‘Feitsmafûns’ neamd – hat Irénke Meekma 14 augustus op de begraffenis yn de Minnistetsjerke te Grou it folgjende In Memoriam útsprutsen

It is noch mar in pear moanne lyn doe’t Tony – of frou Feitsma sa’t jo wolle – krekt heard hie dat se termkanker hie.… Lês fierder

In memoriam Tony Feitsma (1)

logo.ensafh

Tony Feitsma en har fertsjinsten foar de wittenskip

troch Durk Gorter

De lêste heale ieu fan de beoefening fan de frisistyk is ûntinkber sûnder Tony Feitsma. Har karrière omspant trije universiteiten. Hja studearre oan de Universiteit van Amsterdam, waard meiwurker oan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit yn Grins, haadmeiwurker en letter heechlearaar oan de Vrije Universiteit en dêrnjonken en dêrnei heechlearaar oan de Universiteit van Amsterdam. Ek nei har ôfskied fan de UvA yn 1993 bleau hja wittenskiplik aktyf, want se hie ‘noch safolle te dwaan’.

It kin net oars of in libbensberjocht oer de merites fan Tony Feitsma’s wittenskiplike wurk docht har te koart troch de breedte fan har wurk.… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (44)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium om ’e pear dagen út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde. Dizze ôflevering 44 is de lêste yn ´e rige.

Klik hjir foar de Long-list fan ’e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9), (10) , (11), (12), (13), (14), (15), (16) , (17), (18), (19) , (20), (21), (22), (23), (24), (25), (26), (27), (28), 29, 30, 31, 32, 33, 34, 35, 36, 37, 38, 39, 40, 41, 42 en 43.… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (43)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium om ’e pear dagen út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ’e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9), (10) , (11), (12), (13), (14), (15), (16) , (17), (18), (19) , (20), (21), (22), (23), (24), (25), (26), (27), (28), 29, 30, 31, 32, 33, 34, 35, 36, 37, 38, 39, 40, 41 en 42.… Lês fierder