Skermer

Frijheid

logo.ensafh

It is in wurd om jin oan te brânen.
It is argumint om de wrâld mei te ferkatsen.
It is rop om de wrâld mei yn beweging te krijen.
It is wat om jins ûndergong mei te bewurkstelligjen.
It is de romte foar tsjinspraak.
It is wat dat troch puriteinen hate wurdt.
It is each fan ien dy’t it jin goed mient.
It is wat wrâldferbetterders ta razernij bringt.
It is de foet dy’t de bal rôlje lit.
It is wat dêr’t skythuzen it foar yn ’e broek dogge.
It is de boat dy’t jin oer it wetter bringt.
It is wat dêr’t lytsboargers oer rabje.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Wetterwille

logo.ensafh

‘Fergelike mei de stiennige kliuw fan Wadir Watir dêr’t wy niis trochhinne rieden docht dit strân suver oan as in golfparkoers!’ seit myn gids, ûndersiker Ron Wyatt laitsjend as wy nei it gleonhite opûnthâld einlings it flakke strân by de Golf fan Akaba opride. Oan ’e oare kant leit Saûdy-Arabië.

‘Dus op dit sân hawwe doedestiids miljoenen harren opmakke foar de oerstek?’
‘Ja… hoe’t Moazes twa miljoen man stjoere koe is allinnich al in wûnder.’
‘Frjemd genôch haw ik altyd tocht dat de oerstek in soarte fan mearke wie, Ron!’
‘Och Hylkema, hoe wurdt der hjoed-de-dei tsjin wûnders oansjoen? Hokker wurdearring jout men in wûnder noch, it falt jo net oan te rekkenjen, hear.’… Lês fierder

Hidde Boersma

Pier Boorsma: in Fryske Bohemien

logo.ensafh

Pier Boorsma, (20 x 20 cm, acryl op canvas), troch Klaas Lageweg
Pier Boorsma, (20 x 20 cm, acryl op canvas), troch Klaas Lageweg

‘De kommende fiif jier sille der fiif boeken fan my útkomme,’ fertelt Pier Boorsma yn syn Grinzer wente, ‘elk jier ien.’ De earste sil in bondeling wêze fan Fryske sosjalistyske poëzy en oer in jier as fjouwer sil syn fjirde gedichtebondel it ljocht sjen. ‘Ik skriuw myn gedichten meast yn tritich sekonden. Mar ik sil fan ’t simmer foar it earst in hiele nacht oan in gedicht wurkje. Dat bin ’k no fan doel.’ Pier Boorsma is de skriuwer fan trije dichtbondels, Neidagen fan in keamerhear (1971), Under frjemde wetten (1978), Net allinne genôch (2005) en de meigearstaller fan de blomlêzing Spiegel van de Friese Poëzie (1e pr.Lês fierder

Janneke Spoelstra

Strawberry Fields Forever (2)

logo.ensafh

[About the translation:

‘Strawberry Fields Forever’ is a story by Janneke Spoelstra from her Frisian collection of stories, In Jikse-libben (A Jiks’s life), published in 2008.
It was translated by Renée van Weringh, in collaboration with the author. Renée, who emigrated from Friesland as a child, lives in Canada.
This English version will be published in four instalments in consecutive issues of ensafh. This is the second instalment]

Strawberry Fields Forever

2

Sunday night I was with Mario in the yard, batting a shuttlecock back and forth. It was a quiet evening. The shadows crept slowly up the hills.… Lês fierder

Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set 7

logo.ensafh

Dit is de sande ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk. De eardere ôfleveringen stean op ensafh 1, 2, 3, 4 , 5 en 6 (sjoch Argiven).

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning.
Lês fierder

Pier Boorsma

Bohemiens

logo.ensafh

(yn ’e trant fan Obe Postma)

Theun de Vries woe hawwe
de Fryske literatuer soe bohemiens
brek wêze

De Fryske dichters Cor en Pier lykwols
ha wol aan hân fan de nachtside
fan it bestean

As hja harken nei de petearen
fan skoftsjende huorren
yn it Land van Belofte

En ek it kwea
yn syn omgongen en trochtochten
is har net alhiel frjemd bleaun… Lês fierder

Nynke Laverman: De ûntdekker

logo.ensafh

Op 14 maart 2009 is it tredde album fan Nynke Laverman NOMADE presintearre yn in útferkocht Muziekgebouw aan het IJ op de première fan har nije konserttour.

Se hat alle lyrics sels skreaun en har songs binne ynspirearre troch har ferbliuw by in nomadehúshâlding op de steppen fan Mongolië. De tour troch Nederlân duorret noch oant 19 april ta, sa lêze wy op www.nynkelaverman.nl.

De redaksje fan Ensafh krige it frij om de earste hit hjir op it poadium te setten. Lit dy foar in minút as fiif meislepe troch ‘De ûntdekker’.

Belústerje: Nynke Laverman – De ûntdekker

 

 De Untdekker

 

DE ÛNTDEKKER

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de wrâld
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
en ik wol noch net nei hûs

ik wit net wêr’t ik bin
ik wit net wat der komt
mar myn fuotten stampe fierder
oer de râne fan de krater
ik wol witte wa’t ik bin
yn alle hoeken fan de wrâld
ik wol noch net nei hûs
ik wol it witte

ik bin de ûntdekker
fan it grutte ûnbekende yn my
ik bin de ûntdekker
myn spoaren binne farsk
alle dagen bin ik nij

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de wrâld

ik feroarje mei it lânskip
ik ferraan mei de klimaten
ik gean op yn alle kleuren
sla de bek yn elke taal

ik kolkje mei rivieren
lis it oan mei metropoalen
lit my felje troch de sinne
lit my folje mei de rein

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
en ik wol noch net nei hûs

yn woastinen sier ik sân
drink ik tee mei skorpioenen
swim ik linich as de slangen
ûnder koele rotsen troch
yn it iislân bin ik breid
sliep ik yn in wite suite
op it heechste himelbêd
sjong ik lieten fan kristal

ik bin de ûntdekker
fan it grutte ûnbekende yn my
ik bin de ûntdekker
myn spoaren binne farsk
alle dagen bin ik nij

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de wrâld
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
rinne rinne rinne rinne

mar fyn my as ik immen fyn
immen dy’t ik net weromken
immen dy’t ik net werken
fyn my as ik immen fyn
fan wa’sto net mear hâlde kinst
fyn my, fyn my dan werom

Tekst: Nynke Laverman
Muziek: Nynke Laverman & Ward Veenstra
Lês fierder