Piter Boersma

it ûnkrûd

logo.ensafh

men moat it mar treffe
útsiedde op dit plak
bin ik ûnkrûd wurden
ta weismiten keard
mar stean bleaun

ticht tsjin in akelei oan
dy’t er stean liet
omsylde de skoffel
ek ûnbedoeld my
skeat ik omheech

de goaden fersykjend
noch altyd net sjoen
stean ik yn bloei
draach ik aanst frucht
wa wit wa wit… Lês fierder

Rieuwert Krol

Lûden en bylden

logo.ensafh

Wa’t sa’n direkt ferbân tusken tate en whisky leit as Sytse Jansma docht, dy moat hast Freud wol lêzen hawwe, mar wa’t de debútbondel Wa’t tate seit moat ik whisky sizzze fan Jansma lêst, sjocht direkt al datst om Freud yn dizze bondel net hoechst te sykjen. It tilt op fan hiel oare nuveraardichheden as de âld neurolooch út Wenen. Dochs hast him miskien wol nedich om de soms hast net te begripen assosjaasjes fan Jansma betsjutting te jaan. Wat it meast yn it each springt binne lykwols neologismen dy’t my net altiten in protte sizze en dêr’t ik net mear as in spultsje mei lûden efter mien te sjen.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn dizze ôflevering fan ensafh stiet in besprek fan de debútbondel Wa’t tate seit moat ek whisky sizze fan Sytse Jansma troch Rieuwert Krol: ‘Hy is in keunstner, dy’t de taal hantearret as de skilder de ferve of de gitarist de noaten.’
Yn ensafh 4 stiet in fraachpetear fan Hidde Boersma mei de debutearjende dichter (sjoch Argyf).

En op dizze ensafh it tredde part fan de Ingelske oersetting fan Janneke Spoelstra har ferhaal ‘Strawberry Fields Forever’ en al wer de achtste ôflevering fan Andries Miedema syn projekt ‘De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set.’… Lês fierder

Greet Andringa

Ferhaal ‘Deus ex’ fan Greet Andringa skeind yn Feestlift no goed op Poadium

logo.ensafh

(Yn Feestlift, it Boekwikegeskink 2009, mei ferhalen fan ‘4 mystery skriuwers’ is mei it fjirde ferhaal ‘Deus ex’ wat misgongen. Fan in tal alinea’s is de kursivearring weifallen en de kat is fan in ‘sy’ in ‘hy’ wurden en dêrtroch is it byneikommen fan it ferhaal in ein lestiger wurden. De skriuwster fan it ferhaal, Greet Andringa, hat dêrom it fersyk dien om it ferhaal op Poadium te setten. Elkenien dy’t it boekewikegeskink lêzen hat is no yn ’e gelegenheid om nochris de krekte ferzje yn te sjen.)

Deus ex

‘Soademiterje op!’ sis ik tsjin de safolste -peut of -looch dy’t deryn komt sûnder dat ik derom frege ha.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de sande ôflevering fan ensafh-digitaal.

Yn dit nûmer stiet de dichter Pier Boorsma sintraal. Hidde Boersma hat in fraachpetear him hân. It is te omskriuwen as in foech libbensferhaal: ‘Pier Boorsma is in man mei in fleurige glim om ’e mûle. In man dy’t fan it libben hapt as in oaljefant fan gistend fruit. Hy genietet, mar hy wit likegoed hoe kâld it wêze kin yn it skaad fan ’e geneugten.’ It eigensinnige portret by it fraachpetear is makke troch Klaas Lageweg.

Dêrnêst is fan Pier Boorsma it gedicht ‘Bohemiens’ opnommen, dat yn it fraachpetear ek te praat komt.… Lês fierder

Willem Winters

Mammoeten en froulju

logo.ensafh

Ik wie dwaande mei in stikje oer myn favorite bylden yn de iepenbiere romte. Boppe-oan steane de mammoeten fan Tom Claassen yn de Flevopolder by de A6 lâns.
Steane dy kolossen te dreamen?
Twad is de frouljusfiguer fan Wladimir de Vries, dy’t Lânbou en Feeteelt symbolisearret, by de Grinzer Herebrêge. It is in wat mûtel frommes, mei ien foet op in keal, sa komt dy skonk prachtich út. Dat je brûns sa bewurkje kinne dat it sêft as frouljusfleis liket te wêzen!
Op it tredde plak stiet al hiel lang it oarlochsmonumint op It Hearrenfean. De namme fan de ûntwerper wie ik kwyt, dus even Googelje foar’t ik fierder skriuw.… Lês fierder