Koart ferslach presintaasje Fryske oersetting Marieke van Nimwegen

logo.ensafh

Op woansdei 25 febrewaris organisearre it Literêr-Histoarysk Wurkferbân in lêzing yn Tresoar by gelegenheid fan it ferskinen fan de Fryske oersetting fan de Middelnederlânske klassiker Marieke van Nimwegen. De oersetting is makke troch Klaas Bruinsma en útjûn by Elikser. Prof. Teule kaam ein 2008 yn it nijs om’t er yn Mardin (Turkije) in Arabyske oersetting fûn hie fan Marike fan Nijmegen. Yn syn lêzing Easterks Kristendom hat er ferteld hoe’t Marike fan Nijmegen yn it Easten fan Turkije bedarje koe en wêrom as it wurk in pear ieuwen ferlyn yn it Arabysk oerset is.

Presintaasje Fryske oersetting Marieke van Nimwegen

Klaas BruinsmaLês fierder

Skermer

In gesicht lûke

logo.ensafh

Yn guon diskusjes en oanfarringen mei myn frou lûk ik in neffens har in ‘link’ gesicht.
Se begjint dan te laitsjen en seit: ‘Sjoch nochris sa.’
Dat doch ik en nochris en wer. En alle kearen laket se lûder en langer.
As ik myn nocht ha lûkt se earst in beteutere gesicht en dan in eigenwiis gesicht.
Myn ‘link’ gesicht en har ‘eigenwiis’ gesicht hat se in oerkoepeljende beneaming foar: stoer.
As ik safolle oeren nei har it bêd opsykje kipet se ûnder de tekkens wei en seit: ‘Moatst net ‘link’ sjen, want dan moat ik pisje fan it laitsjen en ik wol der net ôf moatte.’… Lês fierder

Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set 3

logo.ensafh

Dit is de tredde ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk. Oflevering 1 en 2 stiene op ensafh 1 en 2 (Farsk 128 en 129).

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

In ferluchte hert

logo.ensafh

Yn fûgelflecht glydzje sûnder fûgel
te wêzen en de fleanende rigen pompelieren
lofts en rjochts flakken wyt en wegens swart
yndiele te sjen. In tsjerke wurdt in krús,
mûnen toppen en in fabryk smookt
swiere sigaren mei grize kegels.

Under my hat de wrâld him deljûn.
Fêst lizze boaten roaste yn rivieren,
it wylde wâld leit yn sliep koeze
troch poeier. De wyn bocheljaget
mei de propeller, de noas wurdt
swier en stadich kringt de stiltme
binnen. De pompelieren suchte.… Lês fierder

Teije Idzardi

Sneintemiddei Bakkefean

logo.ensafh

Nea tocht
datsto sa sêft as papieren bûsdoekjes
lizzend op it moas –
ûnderhûds deselde foarmen
as beamwoartelnoesten

Nea tocht
eaglidden tear en fier
de draaide hals sa jongeseftich –
dat it hurde ôfwarrende
stadich taaie soe ûnder waarm striken

Nea tocht
de mûltsjes yn it triljend fel
prommeljend fan langste
– nim my, toe –
Dat ik krekt no heakjen bliuwe moat
yn ‘t Heras Hekwerk fan dyn tepel… Lês fierder

Jouke Hylkema

De ûntdekking fan ’e himel

logo.ensafh

In wike as wat lyn, stie it yn alle Fryske kranten: ‘Hijummer boer/stjerrekundige Roelofsz as earste Fries nei de moanne!’ Oan ’e hân fan dat nijs, hie ik in petear mei him.

‘Is it net sa dat Wubbo Ockels fiifensantich jier werom, yn 1985, ek al ris op ’e moanne stien hat?’
‘Nee Hylkema, dêr binne jo mis mei; Ockels hat nea op ’e moanne west, en twads; hy kaam út Almelo! De man hat doedestiids de romte yn west om wat biologyske, medyske en technologyske proefkes te dwaan, in bytsje om ’e ierde hinne sweve en wat omnifelje… mear net eins, hiel wat oars as wat wy op stuit ûndersykje!’… Lês fierder

Willem Winters

Darwinia

logo.ensafh

Wa’t it Darwinjier [2009] alternatyf fiere wol moat sjen in eksimplaar fan Darwinia [1876], fan Jan Holland, te besetten. Yn Darwinia – in noch mar koartlyn stichte koloanje libbet men neffens de wetten fan Darwin.
Wichtich is it seleksjeprinsipe. Sa as dowemelkers en hûnefokkers witte, kin men troch seleksje de rasûntjouwing stjoere. Sa ûntstiet in grou hynder foar swier wurk, of ien dy’t hurd drave kin.
Wêrom dit net tapast op minsken: ‘Met al zijn geestelijke beschaving leeft hij in lichamelijk opzicht in ’t wilde voort. Wat lust heeft paart met elkaar.’ Yn Darwinia wurde minsken kweekt mei grutte hannen [swier wurk], minsken mei fine hannen [harsenwurk] en guon mei in kromme rêch.… Lês fierder