Sytse Jansma reizget fan ’t oerwâld nei de stêd
In jier as njoggen lyn rûn Sytse Jansma mei syn kammeraat Sito Wijngaarden op ’e Foarstreek yn Ljouwert. Se hiene doe ûngefear it folgjende petear:‘Hasto wolris heard fan Hjir?’
‘Dat is in literêr tydskrift, dochs?’
‘Ja, sille we derhinne?’En sa bedarren Sytse en Sito yn Wiuwert by Piter Boersma fan Hjir yn syn kantoarke. Se hiene yn dy tiid in website dêr’t se wat wurdboarterijen op setten.
‘We lieten him de website sjen, en dat wie echt …,’ laket en skodhollet Sytse, sûnder it fierder te typearjen. It dichtsjen wie begûn as puberale boarterij, ‘út ’e gein wei’.… Lês fierder
