Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de twadde digitale ôflevering fan it nije tydskrift ensafh dat ûntstien is út de fúzje fan ynternettydskrift Farsk en it op paier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.

Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Dat kostet 27 euro jiers. Jo kinne dêrfoar maile nei redaksje@ensafh.nl

De ôfleveringen fan ensafh sille net folle ôfwike fan dy fan it eardere Farsk. Geandewei sille saken fernijd wurde.

Nij is no al, dat Willem Winters, fan wa’t jierrenlang de fêste rubryk Digerje yn Hjir ferskynd is, tenei in ‘fêst gesicht’ op ensafh-digitaal wêze sil; moai meinommen dêrby is, dat de yllustraasje(s) dy’t altyd by syn bydrage stiet / stean, no yn kleur te sjen is / binne.… Lês fierder

Jaen

Fryske beweging

logo.ensafh

O, it is sûnder mis in goede saak
dat fûle stribjen nei better, fierder
krêftich yn ’e wyn op, mar –

tink ik, wylst ik nei amper twa oeren
op redens, mei in skythakke en in
seare rêch útteld op ’e bank lis

– it is wier, men oerdriuwt it gau.… Lês fierder

Jouke Hylkema

In ûnfoechsume wierheid

logo.ensafh

‘Komt it hast de dyk oer Leenstra?’
‘Wat?’
‘It iis!’
‘Och je kinne der net folle fan sizze. Der komt soms yn ien wike tiid in meter as tsien by, soms yn ien moanne tiid net mear as in pear sintimeter!’
‘Mar wat as it pakiis de dyk fernielt?’
´Soks soe ik my hast net yntinke kinne as Makkumer en haad fan gemeentewurken Wûnseradiel. De dyk leit der al sûnt maaie 1932 en hy hat al hûnderttweintich jier foar Makkum fan libbensbelang west. Ik neam allinnich al it foardiel fan it swiete wetter, de ielfiskerij, de goede ferbining mei de Rânestêd, it strântoerisme de earste njoggentich jier, mar benammen ek de lêste tritich jier de wintersport.… Lês fierder

Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set 2

logo.ensafh

Dit is de twadde ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk. Oflevering 1 stie op ensafh 1 (Farsk 128).

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

Oan bannen

logo.ensafh

Om dit oerflak linige grinzen te jaan
snij ik it lân yn rûnten en rútsjes.
Sa tekenje ik in besletten fjild
fan beskate ôfmjittings. De figueren drage
ûneinige grinsleazens yn harren winen
en kearen. Ik kuereagje ferbline nei
de wite fiver, ynienen dûkt der in fisk op,
do, in hagedis, ik, en dan in pear
salamanders.

Us lotten lizze sânresom tsjerkere
en bandige oan de stjerren en planeten
fan dit oerflak, wy swimme rûntsjes
om de ruten fan dit papier. Nea sille wy
der los fan komme, it begjin wie
myn hân en hieltyd skûlet de frijheid
oan de ûnderkant.


Skreaun by de houtfyk Sky and Water út 1938 fan M.C.
Lês fierder

Hidde Boersma

Ensafuorthinne

logo.ensafh

Somtiden ha’k in soarte fan eufoarysk gefoel.
Dan fyn ik eat sa moai, idioat of fredich
dat ik yn it momint hingjen bliuwe wol.
Yn in stik muzyk, yn in hertslach, yn in sentimint, yn in gjalp.
In gewear pakke, sjitte, en efter de kûgel oanfleane.

En somtiden fiel ik my sa goed
dat ik net wachtsje kin op it fjouwerjen fan it libben:
earst dit, doe dat, dêrnei sa, lykas froeger, letter oars.

In oare kear gean ik sitten te lêzen.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

it byld is sa tear

logo.ensafh

ik ken de grinzen net, de wrâld is rûn
en dochs driuwe der blêden op it oerflak,
falt der in beam yn it wetter dy’t him niis
noch oan de râne befûn. in fisk sjocht mei it iene
each omheech, in karper is it, de kleuren

timpere troch de skaden om de mar.
ik ferbyldzje my in wrâld mei alles ynien:
in himel wjerspegele yn it wetter, in grûn
dy’t gjin boaiem ken, alles wat net libbet
ferstille yn it momint. sêfte weagen

streakje tûken en blêden driuwe op de ierde.
fûgels fleane troch it wetter en fisken
kûse wolkens yn de loft.… Lês fierder