Op ‘e radio gong it oer gemyske brânwûnen, skroeide netfluezen, losrekke fingerseinen en geduerich piipjende earen. It is wer novimber, guon krije it dan op ‘e heupen en oaren hiene dêr fan ’t hjerst al folle earder lêst fan. In jierliks weromkommend ritueel is it. De earste hûnderten kilo’s oan yllegale fjoerwurkpakketten binne dan alwer troch de plysje ûnderskept en dêrmei wurdt de fjoerwurkdiskusje op ‘e nij yn it skynljocht setten. As oft wy noch net mei genôch drege diskusjes oanklaud sitte…
Oan it wurd wie in eachsjirurch dy’t de neidielen en gefaren fan de kobra’s, de fonteinen, de single shots, fjoerpylken en neam it fierder mar op noch wolris út ‘e doeken dwaan woe.… Lês fierder