Henk Nijp

Sifers

logo.ensafh

Somtiden is it al oan de ‘deadline’ ta en hat him noch hieltyd net in gaadlik ûnderwerp foar in kollum oantsjinne. En dan moat der dochs wat komme…
It waar soe kinne en dan yn ferbân mei de feroaringen fan it klimaat. De kommende apokalyps, de bedrige natuer, de ûndergong fan de planeet. Mar ik fûn de simmer fan ferline jier, as ik hiel earlik bin, wol lekker. En mei in febrewarismoanne as fan dit jier, mei de krookjes sawat fjouwer wike earder yn bloei, hâld ik it derop dat it no deselde kant wer op giet. Neffens de statistyk sil dat wol net kinne en it sil ek wol net sa net hearre, mar my silst der net oer hearre.… Lês fierder

Henk Nijp

Fraude

logo.ensafh

Ik moast om njoggen oere komme. Yn Ljouwert op ’e Holstmarwei, ja, it plysjeburo. Net dat ik wat misdien hie of te hurd riden of sokssawat, nee, ik wie yn ’e falle rûn fan cyberkriminelen.

In wike earder hie ik dwaande west om de kompjûter nei te sjen en de oerstallige bestannen op te rêden. De mailboksen sieten ek aardich fol, dat dêr koe wol wat út. In goed begjin fan it nije jier, is’t net sa. Neitiid hie it mailprogramma frjemde kueren, dat ik belle mei de ôfdieling consumer-support. En nei in skoft hinne en wer praten en meisjen op myn skerm kaam alles wer yn oarder.… Lês fierder

Henk Nijp

It dna fan Fryslân

logo.ensafh

Fryslân is wer yn ’e prizen. ‘Blokkeerfries’ is lanlik it wurd fan it jier wurden! Wy steane wer moai op ‘e kaart. Yn alle listjes en toppen safolle fan fan alles dy’t der oan ’e ein fan it jier ferskine, ûntbrekt sûnt sa’n fyftjin jier in wurd-fan-it-jier-ferkiezing net. Mar is sa’n útferkiezing no echt wat om grutsk op te wêzen, freegje ik my ôf. Ferline jier wie it wurd fan it jier ‘appongeluk’ en yn 2016 wie it ‘nepnieuws’ en dêrfoar ‘treitervlogger’. Moaie útfynsten, de measte wurden fan it jier sprekke foar harsels, mar se ha eins allegearre wat in negative bysmaak.… Lês fierder

Henk Nijp

Dykmiel

logo.ensafh

Doe’t ik de bocht om kaam seach ik se fuort al, midden op ’e dyk. Op it plak dêr’t lang lyn in wite streek sitten hie. Drok hipten se der om. Eins wat nuver, want meastentiids toarkje se heech yn ’e beam om mei in protte kabaal, skite de dyk wyt of fleane ûnferskillich wat hinne en wer. Der soe wol wat te rêden wêze.

Ik wie ûnderweis om myn rûntsje te draven. Kalm oan hjoed, ik hie it wol oan tiid. Doe’t ik tichterby kaam makken se gjin oanstalten om fuort, sterker noch se hiene neat yn ’e gaten, of woene my net sjen.… Lês fierder

Henk Nijp

Yn it skaad fan Escher / Bysûndere grafyk fan platfoarm VOG

logo.ensafh

Doe’t wy de tige drokke A10 ferlitte koene en de ôfslach Durgerdam namen ûnder de fly-over troch, wiene wy op slach yn it lân fan Nescio’s Titaantjes. Alde, smelle lânboudykjes, lytse tsjerketuorkes en sleatten en fearten mei tige heech wetter, dy’t har neat oanlutsen fan ’e oanhâldende drûchte. Wat in ferskil mei dy safollebaansdyk fan niiskrekt en wat in rêst. Neffens my binne it dêr allinne mar aardige jonges, dat kin hast net oars… Wy wiene op wei nei Cees Smit, grafikus yn Holysloot, ûnder de reek fan Amsterdam.

Troch in útnûging fan Tresoar foar in jubileumeksposysje, dy’t yn gearwurking mei VOG (Vereniging Originele Grafiek) yn septimber hâlden wurdt, waard ik as dichter oan him keppele.… Lês fierder

Henk Nijp

Jûn op nivo

logo.ensafh

Ithaka en Flow, dat wiene de earste wurden dy’t ik tsjinkaam doe’t ik út ’e auto stapte op ’e Westersingel. Grif gjin tafal, tocht ik, it kin wolris in moaie jûn wurde. It wiene de nammen fan in pear boaten dy’t dêr foar de wâl leine om te oernachtsjen.
In pear hûndert meter fierderop en sa’n fyftich treden heger sieten de measte taskôgers al klear. It wie op de earste ferdjipping fan ’e Aldehou, dêr’t de sechsde of miskien wol sânde Sint Vitus-poëzijjûn, eins in pear dagen te betiid, plakhawwe soe. Presintator Melvin van Eldik wie de tel njonkenlytsen wat kwytrekke.… Lês fierder

Henk Nijp

De beammen en it bosk

logo.ensafh

We komme moai op gleed. Dat mocht ek wol want wy binne al sawat healwei it jier. It waar wierret ek noch aardich mei en de fonteinen binne der klear foar. Op ien nei dan, mar Dokkum sil ek wol kletterje foar de ein fan it jier. Trouwens, de damp om de ‘Plensa-kopkes’ yn Ljouwert ha ik ek noch net meimakke. Komt grif ek goed… Projektdirektrise Tilroe fynt dat de fonteinen mei-inoar in feest wêze moatte en dat is út soarte goed slagge, tinkt se sels. Se wie al hielendal út ’e skroeven by it delsetten fan de spuiters, begjin dizze moanne.… Lês fierder