Heidi Andringa

Kyrië-eleison

logo.ensafh

In moai ferhaal en kear op kear
wer prenataal om ’t jier op alle dagen.
Sillich feest fan kearend ljocht,
hillich de faam dy’t drage mocht,
it neakene, it teare.

Megasintraal: mei mear en mear
wer oan ’e haal, it leit as lead op magen.
Billiket baatsucht leugenljocht?
Om it tredde laam nimmen tocht;
folfretten frede beare.

Ald krystkoraal ferwurdet klear
sjongsum fan taal, trochtrillet alle lagen.
Besibjend tankjen byinoar brocht.
Dy’t thús kaam om de oaren socht,
hy pleistere op ’t seare.… Lês fierder