Annet Zaagsma

Opgroeie

logo.ensafh

 

 

 

ik sjoch har swalkjen troch de tún, sabeare
ûnkrûd rikt oant boppe har holle
sêft gers op okselhichte
wol tikboartsje
sûnder ferlos

it leafst ferdwine
yn ‘e hoksen tusken de broeiers
weeft se in jurkje fan koweblomkes
it rûkt dêr nei rust en kerrelige ierde

ljocht dat troch it grien brekt
bringt libellen mei, dûnset
noch fier fan sneinsguod, gesangen
en ferbeane bleate fuotten

de klok slacht
der is oant tsien teld
it stek giet ticht
mei fatsoen moat sy
ta minske makke
ôfskied nimme
fan hommelfreontsjes… Lês fierder