Dirkje Brouwer

It is wól in kadootsje

logo.ensafh

Ik fiel my net gau hiel dom, mar as ik in winkel fan Douglas yn stap, begjin ik my dochs echt ôf te freegjen wat ik oan myn IQ ha. Ik kom der dêrom ek net graach, mar ja Tsjerk krijt altyd in Douglas-bon mei de krystdagen fan syn wurk. Dy jout er altyd oan my en ik jou him altyd oan ús mem want ja, it is sa’n gedoch om hielendal nei dy winkel. Dit kear tocht ik yn it ramt love yourself nee, ik sil mysels bedjerre en gean dus wól sels nei de Douglas.

Ik woe BB-krêm hawwe, want dat brûk ik al jierren en foldocht my poerbêst.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

Bollen en blauwe eagen

logo.ensafh

Op Keningsdei stap ik nei it besykjen fan ‘e frijmerk ek noch efkes it ‘Allegaartsje’ yn. In aardige rommelige twaddehânswinkel by my om it hoekje dêr’tst de gekste dingen fine kinst. Ik ha foar in projekt dêr’t ik mei dwaande bin noch net alles fûn. Ienkear binnen, sjoch ik krekt op it plak dêr’t ik wêze moat in jongfeint op ‘e grûn sitten. Hy sit him te fergapjen oan wol hûndert sulveren leppeltsjes. Hy sit op ‘e grûn en ûnderwerpt it bestek oan in soarchfâldige ynspeksje. Ik gun de man syn leppeltsjes, mar ik fyn it dochs in bytsje spitich dat er no krekt dêr sit, dêr’t ik ek wêze moat.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

In hin kin feroarje yn in hoanne, as se moat

logo.ensafh

Joe Speedboot is ferfilme. It plan lei al lang op ‘e planke mar mislearre en is no dan dochs folbrocht. Ik gie nei in gearkomste ‘Beter dan het boek’ yn Grins om’t ik mei in driuwende fraach siet. Op it boek wie nammentlik nochal wat kommentaar kaam. It soe misogyn wêze en einigje mei slutshaming as katarsis. Dêrneist soe de oanbeane muze eins neat mear wêze as moai en al dizze ellinde kaam út de holle fan Tommy Wieringa.
No dus in lang ferwachte ferfilming omdat dochs ek in hiel soad minsken it boek hiel moai fûnen. Ik wie benijd oft de regisseur him wat oanlutsen hie fan de krityk.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

Sa Nederlânsk as in tulp

logo.ensafh

Jierren lyn lies ik it boek de Garnalenpelster en no sjoch ik de skriuwster Nilgün Yerli foar my stean. Yn ’e Koonbeurs dy’t der gelokkich noch is. Ik fûn har boek prachtich. Har boek makke my as tiener wizer en bewust fan saken as diskriminaasje. Doetiids prate ik deroer mei ús mem. Dy sei: ‘Och ja, eartiids waard der sein sa smoarch as in Turk. Dat wie doe hiel gewoan. No dogge we dat gelokkich net mear.’ 

Wat Yerli ûnderfûn, ûnderfûn ik ek yn it lyts en mar foar ien kear. It wie doe’t ik in jier as fjirtjin wie, by gym op de middelbere skoalle.Lês fierder

Dirkje Brouwer

Pyromania! Fjoer jaaaa 

logo.ensafh

Einlings – nei ûngefear fyftjin jier – hat de reklame dêr’t Kate Winslet yn seit: ‘you’re worth it’ fet op my krigen. Ik keapje allinnich net de krêm dy’t se oanpriizge, want hokker krêm oft dat is, bin ik wer fergetten. 

Nei’t ik lêsten noch boarstfiedings-bh’s yn myn kleankast ûntduts, wylst myn dochterke yntusken al wer sân jier is, besleat ik mysels te traktearjen op in pear echt moaie nije bh’s. En as ik tink oan echt hiel moaie bh’s dan tink ik oan Marlies Dekkers en dat is allegear wer de skuld fan skriuwster Heleen van Rooyen. Madam Dekkers is nammentlik ‘dintsjes’ mei Van Rooyen en miskien binne se sels wol soulmates yn harren seksuele frijfochtenheid, en dêr ha se in soad oer praat yn de media.Lês fierder

Dirkje Brouwer

Wite kryst

logo.ensafh

Mei krysttiid hearst bysûndere ferhalen. Sa fertelde ús mem dat der in jonge by har yn ’e klasse úteinlik op ’e LOM-skoalle bedarre wie. Hy hie op skoalle by de sprekwurden de foarset: zo wit als … ôfmakke mei… een luier. Ta hilariteit fan ‘e klasse. Ik fûn it krekt kreatyf en hielendal gjin teken fan dommichheid. ‘In ruft is dochs ek wyt,’ oppere ik. Sa bespotlik fûn ik it net.
Us mem luts de skouders op. No ja, dochs op ‘e LOM-skoalle belâne, dy earme Jan. Ach, oare tiden. Der gongen wol mear dingen nuver op skoalle, eartiids. En wylst ik seach nei de rollade wist ik al hokker ferhaal no fan stâl helle waard, want ik haw it al tûzen kear earder heard.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

Leaf kattich: ja, it kin!

logo.ensafh

Kommer en kwel hat syn yntree dien. It is ús hûs ynslûpt. It wie hiel lyts. Sa lyts dat we it mei it bleate each net sjoen ha en no falle we by boskjes om. It hat him fêstset yn ús sellen en wol ús ûnderút helje. Earst kaam der pineholle. Hiel djip en ynkringend en dan no koarts. Gelokkich, koarts. Ik wie dêr bliid mei, want it like my goed ta, mar ik wie dochs te hjit en foel even flau op ‘e oerloop. Ik sleepte mysels nei ûnderen en gong mei in tekken op ‘e bank lizzen. Ik treau ek de ôfwaskmasine fol en fielde my in held.… Lês fierder