Louis Couperus, Hedwig Terpstra

De binocle

logo.ensafh

It wie likernôch fiif jier lyn, dat in jonge toerist, Yndo-Nederlanner, sjoernalist, in fynbesnare jonge, wat senuweftich oanlein, tige sêftsinnich nettsjinsteande syn tropysk bloed, yn Dresden, yn ’e Opera, moarns, in biljet naam foar in plak op ’e earste rige fan ’e fjirde rang, om de ‘Walküre’ te hearren. De fjirde rang wie eartiids de rang, dêr’t alle frjemdlingen sieten, dy’t har net de lúkse fan ’e lôzje permittearje koene, ja sels sy, dy’t dit wol dwaan koene, joegen de foarkar oan ’e fjirde rang, en dit boppe de tredde en de twadde, om’t men der sa bêst hearde en seach, sels al groef him de ôfgrûn fan ’e wide seal tusken dy rang en it toaniel.… Lês fierder