Lara Kool

De lêste tocht (III)

logo.ensafh

III

Krekt foar Warkum begûn it te snijen. Ik koe it iis net sa goed mear sjen, dat ik ried yn in skuor en wankele gefaarlik. Krekt foardat ik falle soe, stuts Gabe my de hân ta. En dy hat er net mear loslitten. Ik tink net dat der oaren wienen dy’t it sa waarm hienen as ik op dat stuit! De wrâld like stil te stean. As sieten we yn in sniebal fan glês. It wie in mearke gelyk.
Allinnich sûnder in lang en lokkich ein. Hoe tichter we by Ljouwert kamen, wat drokker, wat mear minsken en wat ûnrêstiger Gabe waard.… Lês fierder

Lara Kool

De lêste tocht (II)

logo.ensafh

II

It wie oarloch, it jier dat ik 16 jier wurden wie. It jier dêrfoar hie der ek in tocht west, mar doe wie ik te jong. No mocht ik dan einlings wol meidwaan! Ik wie sa optein! Reedride wie myn lust en myn libben. Us pake hat it my as lyts famke leard en al gau koe ik de jonges út de heechste klasse byhâlde. Lange slaggen meitsje, de earmen op ’e rêch, de holle leechmeitsje. Hearlik fûn ik it. Us heit wie der net wis fan, hear, in famke allinnich en dan sa’n lange tocht! Ik moast ek noch krekt yn spertiid op ’en paad.… Lês fierder

Lara Kool

De lêste tocht (I)

logo.ensafh

I

Krekt foar krysttiid! En wetterkâld! Hoe betinke se it!! As soe in minske fan myn jierren net iensum genôch wêze yn dizze tiid fan it jier. Ik hie hope dat it net safier komme soe, in âldereintehûs, mar no is it al sa. Doe’t wy it nijs ferline wike hearden dat der lang om let plak foar my wie, hie ik noch hope dat ik it miskien net helje soe. Wol dus, spitich genôch. Dêr stean ik. Yn in doarp dat net myn eigen is, foar it grutte, wite gebou, dêr’t ik gjinien ken, mei safolle ruten. Ruten dy’t ferblomje moatte datst wol nei bûten sjen kinst, mar dêr nea wer by hearre silst.… Lês fierder

Lara Kool

Ut ’e bocht

logo.ensafh

Allinnich. Op it grutste evenemint fan it jier … Typysk!
Hielendal allinnich ryd ik fierder it tsjuster temjitte. De situaasje liket sa bot op it deistich libben dat ik der hast fan gûle moat. Gelokkich kin ik it ynhâlde, want de snotte dy’t my út de noas dript, is fuortdaliks beferzen.
‘Ferfelende Fedde’, sa neame se my op ’e oplieding. En eins ek al jierren dêrfoar. ‘Fedde kin it dochs net rêde,’ hienen se sein en ‘Wedzje dat hy it net oandoart?!’
‘As hy it al hellet, mei er fan my mei nei de kroech!’ hie Wiebe út ’e grap útbrocht.… Lês fierder