It is sa’n buertsje dêr’t eins noait wat bart. Fyftjin hûzen oan de trochgeande wei en yn ’e midden stiet syn kroech, mei in benzinepomp derby en dat hat in bêste slach west. Want foaral feekeapmannen meie wol graach ris oanstekke. Even tanke, gau in slokje, miskien in gehakbaltsje en wer fierder.
Dat smyt him dochs wol aardich oanrin op. Dat moat ek wol, want fan syn fêste klandyzje wurdt er net ryk. Der binne wat âlde mantsjes dy’t alle dagen komme, mar dy dogge samar in oere mei in slokje. En net mear as twa deis fansels, oars wurdt it âld minske lilk.… Lês fierder