Reinold van Oevering

bestimming

logo.ensafh

 

 

we wisten net wat we moasten
mei mem,
oant it begjin febrewaris
begûn te snijen

yn ús strjitte foel tsien sintimeter,
de snie bleau lizzen,
waard plattrape,
de stoepe waard sjippeglêd

doe hat Johannes de jiske
struid fan nûmer 34
oant nûmer 66

by har libben liet mem
net oer har hinne rinne… Lês fierder

Reinold van Oevering

Der Mensch ist, was er isst

logo.ensafh

By de yngong fan de supermerk
trof ik in âld mantsje,
fan wa’t ik wist dat ús heit him kend hat.
Hy droech in pet en in bril,
as wienen it fermommingen.
Oarspronklik kaam er út Skraard,
dêr hat er buorke.

Ik koe net op de namme komme,
wifeljend bleau ik stean,
hy kaam op my ta.

Goeie, sei ik, hoe is’t mei jo?
Wy binne der noch, antwurde er.
Is dêr alles mei sein? frege ik.
Ik bin wat âlder as dy.
Jo binne in jier of santich?
85! Dan ha je de measte bôle wol iten.

En ynienen wist ik de namme wer:
Bakker, Hindrik Bakker!… Lês fierder

Reinold van Oevering

Net dea te krijen

logo.ensafh

 

Alde minsken
binne tsjintwurdich
sa kras.
It is hast net te leauwen:
se rinne maratons,
toutsjespringe,
ha trije kear deis
seks
en swimme fyftich meter
ûnder wetter.
De meast krasse eksimplaren
bliuwe altiten fitaal,
sels op harren stjerbêd
dogge se sit-ups
en push-ups,
it is alderraarst.
Ja, ik ha sels in âldman kend,
dy fytste nei
syn eigen begraffenis,
en hy hie net iens
foar de wyn. … Lês fierder

Reinold van Oevering

De bêsten gean earst

logo.ensafh

Alle kearen as ik by de Fjouwersprong bin, moat ik tinke oan Herman, in jonge dy’t op de legere skoalle by my yn de klasse siet. Neam it in lyts trauma yn myn libben.
Herman wie yn alles foarlik. Sa herinnerje ik my dat wy ris mei in groepke fan in stik as wat jonges fan in jier as tsien op in sneontemiddei hinne en wer troch Skettens rûnen, wylst we lûd deksels fan âlde itenspannen tsjin inoar sloegen, as wienen we in fanfarekorps. Dy pannen hienen we trouwens fûn earne op in jiskepôle oan de Brúndyk.
Wat in lawaai wie dat, minsken, it wie in leven as in oardiel.… Lês fierder

Reinold van Oevering

Longerje nei de maaitiid

logo.ensafh

 

It lêste skoalfamke
dat healwei novimber
yn in himdsje
fan skoalle nei hûs fytst,
is krekt sa
yn it moed taastend
as de lêste wite roas
yn de tún,
dy’t nettsjinsteande de kâlde nachten
noch dapper bloeit –
wat is de winter oars
as wachtsje op de maaitiid,
wachtsje op blommen yn bloei
en op jonge fammen
dy’t yn himdsjes en rokjes
nei skoalle fytse.… Lês fierder