Jacobus Q. Smink

Slingerdûns

logo.ensafh

 

 

liet my ferlokje ta in slingerdûns
mei jongfolk en fammeguod
ik stapte oer de foet tebek
en hink honk stikken de boppeskonk

dat ik moat it rinnen wer leare
elke stap sil my beseare
oermoedich liet ik my flaaie
kom dan pake krom

mij it kontakt mei de flier
mei rollator en rolstoel dûnsje
los fan de hurde flier… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

koltrui

logo.ensafh

 

 

foar de alfde jirdei freegje ik in koltrui
dan sjochst de strimen net fan it tou
de sisel klapt om de frêle jongesnekke
as er fan de hikke springt yn ‘t nije hok

wat in gelok & wat in rare skok brekke
him de lea & behâlde syn geast & siel
& mem seit er ta dat er it nea wer docht
noch dwaan sil wannear dan ek, wier

Hiske de kat is oan it stjerren, se leit
mei de kop it hok út, mei de snút der út
& ferweecht in spastysk smoarch poatsje

se hat foar wat lucht de lêste sike socht
se kin net skjin bliuwe mei in sloppe tonge
ik bin by dy moaie, leave & snoade kat… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

nei desimber

logo.ensafh

ja en doe naam se de túchflecht
fan de sânerij nei âld-nij kontinint ta
en liet se skand’ en skamt’ efter har
yn ‘t dûnker bakbana-r.i.p., sa swart

de tsjustere boem, de blaka rosu
krige in fleanpapieren blêd fan ien
flikker op myn jong en har jonge
krige in leffe heit fan ‘t karakterleas

sân, as heiteleas bern op frjemde
wetten oanwiisd kaam lokkich letter
in soan fan d’ouwe bard foar him op;
lit dy no goed en frysk kinne, pyt pel

syn fan, dy dielde fijne daisy koekjes út
en holp har mei ferverij en behang
joech skruten plato-leaf ynearsten
want man, sa pik as in pyt wie hja

foel foar bytsje belle syn blau each
learde it riden yn in himelse mazda
mei houten bezinedop en slim ûnder
har kinnen krige se papieren foar it nij

âldlân en dat makke har wakker blij
want ommers earst sa bang foar de
sloarmen en skobbejakken brûns en
boef, te witten it wrede kabouterse

Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Myn namme is Rabia

logo.ensafh

(ready made)

ik wenje yn eindhoven
ik bin 19 jier âld
ik spendearje hiel wat tiid
oan myn freonen

ik ha gjin wurk op ‘t momint
mar ik hoopje dat ik sa gau
mooglik oan ‘t wurk kin
ik ha op social media hast alles

meastentiids harkje ik nei
nederlânske en turkse muzyk
myn hobbys binne sliepe, ite,
in boek lêze en de tiid

spendearje oan myn freonen
en no sil ik dy wat fertelle
oer myn persoanlikheid
yeah, ik bin echt in sosjaal wêzen

ik kin letterlik tsjin elkenien prate
meastentiids bin ik rêstich
myn fakânsje fan ‘t jier?
it wie moai, ik gûng nei turkije

ik hâld fan turkije

 … Lês fierder

Jacobus Q. Smink

20 ier de pisang

logo.ensafh

om de skeinde fankes ferhingj’ dy rock’n jagger
jawisse oan de heechste beam fan de sinne
boppe sranaan; de leffert mei om de leave
dinkjes de dea yn en om in soad oare

fan efter f’rneukte prachtwiven foar ivich
nei de jachtfjilden tsjen en as in sloppe
lulhannes ende dwul oan de koade bingelj’…
ommers, fertsjinn’ is fertsjinn’…

dat er, om dy leidige famkes net fret!
net lang’r as in pear dagen cq. nachten
fan de trôg’n fan pa-ra-ma-ri-bo-city
en nea wer yn syn roy rolls oer de

ferneamde brêge fan de su-ri-na-me-ri-fier glydt;
wat in spulbrekker is dy waardeloaze kwast!… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

myn moasslimme rûpke

logo.ensafh

 

hjoed bewûndere se myn
moaie moasslimme kul, like wol
besnijd, ien rukje der oan
it foarfel sa sitten bleau, sear

hie ‘t net dien, yn ien kear
foar altyd besnien, it skeamel
rûpke bleau bleat, as in ikel
dy’t glom, wie er grut

‘t soe my in pûnter wurde,
pontifikaal, koartsich glânzich.
is er yn ‘t echt as er hurd
is ek sa moai, frege se

noch moaier, joech ik ta
as in spiker mei in kop, mar
pine die er dy net kaam er
yn dyn spleetsje, wier net

it soe fiele as wie ‘t syn
natuerlike stee dat dy
dêr stuts, sei ik, do kinst
der fan op oan, it is sa,

sûnder erch wie er grut
en hurd.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

wynhûs

logo.ensafh

wat wie ik der op tsjin dat amy
samar stoar, amper 27 jier jong
se hie it nea net mei my oerlein

wat wie ik lilk doe’t ik hearde
dat amy kassy wijlen wie wylst
we betochten dat se lykas dinah

wol tachtich wurde koe en noch
sjonge soe lykas body and soul
lokkich stiet der wat op youtube

sadat ik har stimme alle dagen
oproppe kin; ik bin sa wyld op
har en sa beswar ik it hinnegean

mar dat nimt net wei dat ik der
fûl op tsjin bin dat se no wei is… Lês fierder