Albertina Soepboer

In lytse betinking

logo.ensafh

Wat ik die op 4 maaie jûns om acht oere twa jier lyn, dat wit ik noch goed. De betinking sjen foar de deaden op de Dam. Bûten wie it deastil. Dêrnei kaam de gaos dy nacht. In brân mei in deade en in enoarme skea. Wat it libben wie, dat stie op de kop. Ik skreau in kollum foar Farsk. Dy’t ik net publisearre. Omdat it it idee joech oft der mei taal wat fan te sizzen wie. Dat wie net sa. Der wie neat fan te sizzen. De gewoane foarmen fan logika wienen op. In pear wiken letter stoar myn kat oan de gefolgen fan de brân.Lês fierder

Albertina Soepboer

Paad

logo.ensafh

Ien is kaam hjoed en hat mei in grutte spuit izer yn ’e loft blaasd. Hy rint yn ’e achtertún en sjocht omheech. It waarme en losse sân kribelet ûnder de fuotten. Fan ’e moarn betiid is de wyn lizzen gien. No wurdt it hyt en sil it boppe de heuvels trilje. Sokke saken is er wis fan. Net wa’t al dat griis yn ’e loft spuite hat. Der is ek gjinien om soks te freegjen. Olla is fuort en hy sjocht nei de reade swimbroek dy’t se him jûn hat. Oait joech se him sokke saken doe’t de romte tusken de wolken noch foar it grutste part fan ’e tiid gewoan blau wie.… Lês fierder

Albertina Soepboer

Altyd wer dûnset myn hurde maart

logo.ensafh

Wat ik net staverje koe: de graffiti op in muorre
de kofje yn ’e trein, dyn hannen dy’t yn in letter
jier komme soenen en ik frege my oan ien tried wei
ôf, gliidzje ik fan de dagen ôf, hat immen it ljocht

betocht of bin ik sa mankelyk as de hûnen yn it A-
kwartier dêr’t de maartske moanne trille op it punt
fan nachtenlang âlde fuotstappen telde ik sa fan ja
ik bin net lokkich, ik bin de wyn, ik bin it lêste punt

no bin ik wol âlder, no fiel ik krekt dyn hannen, no
bin ik langer, wizer en tryster, sadder though woman-
like, ha ik de djipreade lippestift en wit ik wol hoe’t

ik dûnsje sil as de planeet yn myn palmen raant en ik
tink altyd oan dy, altyd oan in oar, oan dy dy’t ek sa
dûnset op it hurde ritme fan ’e platte ierde ûnder ús.… Lês fierder