By de âlde skuorre
Ik ha wer disel en dêrom beslút ik dyselde jûns noch nei de âlde skuorre te riden, dêr’t ik in berjocht fan Vladimir ferwachtsje. Tweintich minuten letter passearje ik de kapel wijd oan Saint-André, beskermhillige fan de ferskoppelingen. Der stiet in byld fan him oan ‘e oare kant. Hûndert meter fierder leit myn skuorre. Ik parkear de wein op it gers efter de skuorre, mei frij útsjoch oer de greide en de beboske heuvels yn ‘e fierte.
Ik lit hjir it hiele sirkus frij: Sytse, Maaike en de fiif katten Avaritia, Invidia, Superbia, Ira en Acedia. Stik foar stik taboenammen om ûnheil ôf te kearen en it needlot geunstich te stimmen.… Lês fierder