Myrte Marije Veenbaas

Boaiempoëzy 

logo.ensafh

Tekening: Saya Asai

Tekening: Saya Asai

 

Boaiempoëzy 

 

Fjouwer wike foardat ús mem út it sikehûs wei skille en de grûn ûnder myn fuotten weifage waard, rekke ik yn ’e besnijing fan it tema ‘boaiem’.

Earder net: beammen, blommen, fûgels: se komme allegear yn myn poëzij foar, heech boppe de grûn. Myn ferwûndering oer de boaiem kaam pas by myn ferbliuw oan de Waadsee en it waadrinnen: mokselbanken, ûndjippe wetteroerflakken, seekraal – en dat alles koe sa wer ûnder it wetter ferdwine. Ek it avontuer wie oars as wat ik as reedrider en fytser wend bin: gjin bergen of hurde ûndergrûn, mar weisakje yn it slyk. Lês fierder

Myrte Marije Veenbaas

de skatgraver

logo.ensafh

 

 

 

foar de wippers* fan de Hounspolder

ik dol skatten op
fan hege wêzens mei belied
oant ik moksels brek – miskien

spit de earste ljep fan in foarbye maitiid –
de fuotstappen fan in jonkje
dat lâne oare kant sleat
(hy hie bôle mei, priuw de krommels noch)

in gouden ring skaaf ik ta grús
in jongfaam bedobbe it geskink –
se woe him net
dy rike boer mei syn praatsjes

hakje yn it izer fan in rider
de holle dizenich nei in kâlde tocht
ferlear hy syn redens op it fjild

ik graaf tsjin miljarden yn
wat kostet it ferline eins?… Lês fierder