Jemke Visser

Weromsjen

logo.ensafh

Miljarden en miljarden jierren lyn ûntstie it hielal út de Oerknal. Hoe’t dat krekt om en ta gie en wat der dêrnei barde is noch altyd net dúdlik. Dat probearje se no út te finen. In hiele gerêststelling, oars bliuwe je der mar oer pikerjen en hâldt it je miskien út ’e sliep.
It hâldt lykwols in kear op om hieltyd mar gruttere teleskopen te bouwen, sizze de gelearden.
De saneamde ‘waarnimmingsgrins’ wurdt oait berikt en dat betsjut de ein fan ’e kosmology en miskien sels wol fan de hiele kosmos. Mar ek dat duorret noch gâns miljarden jierren, dus tiid genôch om it gers te meanen.… Lês fierder

Jemke Visser

Al siet men de lui, men kent se niet …

logo.ensafh

Dat motto fan de 17e iuwske dichter Brederode (1585 – 1618) krigen taskôgers mei tidens in opfiering fan bygelyks ‘De Spaanschen Brabander’ of ‘De Klucht van de koe’. Net minder bekend is syn ‘Boertigh, Amoreus en Aendachtig Groot Liedboek’. Ut alles wat er yn syn koarte libben skreau en fuortlibjend yn syn liifspreuk het kan verkeren, komt er minslik, wiis en mei de noadige humor nei foaren.
Skriuwer A.M. de Jong eare him yn ‘De Dolle Vaandrig’. Mar dy betiteling wie einliks net terjochte.
Hy wie wol by de Amsterdamse Skutterij, mar sa’n losbol wie ’t no ek wer net. Dat er yn in slide ferdronk nei in doarpsfeest is in fabeltsje.… Lês fierder

Jemke Visser

Komt it ferstân mei de jierren …?

logo.ensafh

As je der yn maaie en juny op út geane, falt op dat mear pensjonearre senioaren dat yn ‘e oanrin nei de simmer dogge. Faak werkenber as grize steltsjes op e-bikes.
In inkeling trapet noch foar de folle hûnderd prosint sels. Mar sa njonkenlytsen is dat in útstjerrend ras. Je moatte je mooglikheden ek net oerskatte.
Ik ha lykwols net in e-bike. Net út koppigens, lykas Staring (1767-1840) syn ‘Hoofdige boer’ yn ‘Eéne Zutphensche vertelling’ mei de ferneamde oanhef ‘Elk weet, waar’t Almensch kerkje staat en kent de laan die derwaart gaat.’ Dêryn ferhipt Boer Stuggink it om oer it nije brechje nei tsjerke te gean.… Lês fierder

Jemke Visser

Fan kroan nei kroan

logo.ensafh

Sawat in moanne lyn wiene der rûnom bylden fan de nije King Charles III mei in kroan fan mear as twa kilo op syn al wat fersliten, âldere manneholle. In platte blauwite pet mei pompeblêden hie him faaks better stien, want dit wie gjin gesicht. Ek al om’t it om in serieuze saak gie dêr’t net by lake wurde mocht. As in lolbroek op in feestje sa kroand wurdt mei in nepkroan, is men slop fan laitsjen.
Minsken yn bepaalde funksjes geane fan âldsher somtiden mar frjemd klaaid. By de kroaning fan ús Willem hie Maxima wol in kroantsje op, mar hy sels net.… Lês fierder

Jemke Visser

La douce France

logo.ensafh

Sinneblommen en nochris sinneblommen, fjilden fol mei sinneblommen.
En doe ynienen, tsien oere jûns, dêr wie it ferlossende buordsje oan de kant fan de wei:
‘Camping Le Lac des Trois Vallées 3 KM’.
‘Hoi, hoi,’ rôpen Marte en Symen .
‘Wat is it hjir near,’ sei Tsjibbe, ‘ik ha der pine yn ’e harsens fan.’
Syts suchte.

Se wiene de moarns om trije oere yn it tsjuster ôfset.
‘Ik feech der yn kear hinne.’ As administrateur by it pleatslik transportbedriuw wist er ommers alles fan ynternasjonale logistyk en de âld Volvo ried noch as in tierelier.
Sa’n caravanreiske… dêr draaide er de hân net foar om!… Lês fierder