Willem Winters

Oprop: ‘smoarge’ lietsjes yn it Frysk

logo.ensafh

Nijjiersdei seach ik op Canvas [Belgyske stjoerder] in optreden fan Hans Liberg, dy’t in grut diel fan syn performance bestege oan fize ferskes [priapeeën], sa as Vrouw Haverkamp en Er was een vogeltje, ensfh. At wy froeger mei in klupke jonges op strjitte swalken, dan raasden wy faak sokke teksten. Hoog in de bergen wie ek populêr, en oars wol dy tango: De nacht was lang de rok was kort, de broek werd van haar reet gesjord, ik lei haar op een molensteen en ging er drie keer overheen. De hiele seal balte dit mei Liberg mei.

Ik tocht, hea, wat typysk, ik ken al dy skreau- en skel-teksten, mar der is der net ien yn it Frysk by.… Lês fierder

Willem Winters

PSP

logo.ensafh

Bespotlike lju fansels, dy PSP-ers yndertiid. Hoe krigen se it yn ’e kop dat de wrâld sûnder wapens kinne soe [‘Ontwapenend!’], dat it leger wol ôftanke wurde koe [‘Maak het leger leger’], dat yn alle minsken wol in driuw nei frede oanwêzich is, dat dy driuw allinne mar wekker makke wurde moat: ‘Als het oorlog is, maar niemand gaat er heen…’

Wy hiene it fan ‘e wike noch oer de partijen en de programma’s. It begryp passifisme komst net mear tsjin, it is begroeven, goed djip. Dat komt út himsels net wer boppe, lit stean dat it opbloeit; freegje de âldere minsken mar ris wat passifisme is en se meitsje in gebeart fan eat oer de knibbel te brekken.… Lês fierder

Willem Winters

Dia’s

logo.ensafh

Juster haw ik in brûkt diaprojektorke – kocht fia ynternet – út Noardwâlde ophelle. De oanbieder sei it ding mar in hiel inkelde kear brûkt te hawwen. ‘Hy sit noch yn de doaze. Ek alwer in jier leit der yn ’e kast sa’n apparaatsje dêr’tst de dia’s mei op de hurde skiif sette kinst. Mar ja, da’s is likegoed in ferrekt sinnich wurkje.’

No ja, ik koe der wol ynkomme, by my leit ’t it der net folle oars foar. Dat ik kies foar in maklike oplossing: ik keapje syn projektor, mei in monitor, dan kinst it ding op tafel sette en rats-rats de saak der troch huffe.… Lês fierder

Willem Winters

Flatten

logo.ensafh

Ik sleep se al in fyftich jier mei. Flatten. Ik wit net wêr’t ik se opbergje moat, sadat ik se weromfine kin. De lêste tiid lizze se tusken de blanko sluven. Niiskrekt haw ik dat hoekje fan ’e kast opromme, fûn ik noch nijjierskaarten fan 1998. Ik kin soks min fuortsmite. Mar ik doch der ek neat mei. Hawar, dy slúf mei kaarten moat dan mar nei souder. Dy stiet al oant de harsus ta fol met boeken en dokuminten.

Mar no dy flatten. It wie yn de jierren dat ik sosjology studearre, mei as spesjaliteit medyske sosjology. Yn 1975 rûn ik staazje op Nieuw Toutenburg.… Lês fierder

Willem Winters

Herr Merz

logo.ensafh

Herr Merz is de titel fan in biografysk stripferhaal fan Lars Fiske oer keunstner Kurt Schwitters en syn wurk. Yn de parse wurdt dizze strip bejubele: in masterwurk, in keunstwurk, in masterlike fertelling, spektakulêr, ensafuorthinne. It mei allegear wier wêze, ik stjitte dochs op in pear probleemkes.

Bekend is dat Schwitters him oanslute woe by de Berliner Dadaïsten, mar dy wiene nochal polityk links, wylst Schwitters him net mei de polityk bemuoide. Dan net, sei er en begûn syn eigen Dada: Merz, dat komt fan Kommerzbank. Hy makke fan rotsoai dy’t er op strjitte fûn prachtige kollaazjes. Yn ien dêrfan siet in snipel papier mei ‘MERZ’ ferwurke.… Lês fierder

Willem Winters

Mear as 165 Dadaïsten

logo.ensafh

Yke, dy’t alle jierren syn fakânsje yn Switserlân trochbringt, bewarret foar my knipsels oer Dada Zürich dy’t er yn Switserske kranten fynt. Lêstendeis krige ik in artikel oer de útstalling 165 Dada ist innen yn Cabaret Voltaire, berteplak fan Dada. Yn it foaropwurd fan de katalogus skriuwt Adrian Notz, Direktor Cabaret Voltaire und Co-Kurator der Ausstellung, dat party ‘Zürcher nur wenig wissen von Dada.’ Miskien, sa mient Notz, hawwe de boargers fan Zürich der net sa folle mei op dat harren stêd foar ivich ferbûn wurdt mei Dada. Dizze eksposysje wol sjen litte dat Dada gjin pleatslike grap wie, mar in wrâldwide fernijingsbeweging yn de byldzjende keunst en literatuer.… Lês fierder

Willem Winters

‘Ik zullen wel gek wezen’

logo.ensafh

It fersyk om in protestbrief te ûnderskriuwen wie op in meeladres terjochte kaam dat ik hast nea brûk, sadwaande reagearje ik wat let op in oprop oan Provinsjale Steaten tsjin de nije staveringsfoarstellen. Hawar!

Yn it algemien haw ik neat tsjin ferbettering fan de stavering fan in taal. Mar hiel faak is der gjin sprake fan ferbettering, wurde nije regels net konsekwint tapast en ûntsteane hieltyd wer oare útsûnderingen. Wat in ferbettering wurde moast blykt in nije tizeboel op te smiten. Sjoch wat in rommeltsje se der yn it Nederlânsk fan makke hawwe mei dy n fan ‘panne[n]koek’!

In libbene taal is net in kreas betocht spultsje.… Lês fierder