Nû. 2 fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It twadde nûmer fan 2011 fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh 2 yn print

3 Redaksjoneel
Nyk de Vries
4 Goedkeap (proazagedicht)
Geart Tigchelaar (poëzy)
5 De Boergondiër
6 Werhelling fan ’e skiednis
7 Hendrik Elings – Tekening
Willem Schoorstra
8 De kwote fan Einstein (ferhaal)
Jetze de Vries (poëzy)
19 Korsakov sûpkeal
20 Us mytelân
Klaas Rusticus
21 Kriichsskamte (ferhaal)
Reinold van Oevering
27 One-night stand (poëzy)
Octavio Paz (poëzy)
28 Ynterrupsjes út it westen (3)
30 Ynterrupsjes út it westen (4)
Bert Bakker
31 Leed út alle wynstreken (essee nei oanlieding fan De fûke fan Rink van der Velde)
Piter Boersma (poëzy)
36 By it sjen fan eigenbelang en selsfoldienens
37 Nei oanlieding fan it takennen fan bonussen en gratifikaasjes
38 Nei oanlieding fan it lekken fan gefoelige ynformaasje
39 By it lêzen fan in krante-artikel
Oene Spoelstra
40 Dreame (poëzy)
Hidde Boersma (poëzy)
43 Boem is ho
44 Katarsis
45 De held
46 Werom de kime yn

Jan Kooistra
47 Sân dagen (poëzy)

Eric Hoekstra

54 In oade oan allegro-tiid, âlder mei itselde liet (besprek Harnzer tijgedichten / Harlinger getijgedichten fan Wilco Berga)

Bauke Zijlstra
59 Fan God en deale los (oer Swarte Ingels fan Willem Schoorstra)

Redaksjoneel

Ensafheest

Soe it wol wat wurde: optredens fan dichters kombinearje mei twa ‘hurde’ bands?… Lês fierder

skermer

Mystearjes

logo.ensafh

It is april, mar it is simmer, heech simmer eins en dat wylst de beammen noch lang net fol yn it blêd sitte of sels noch keal binne, de jonge knotwylch noch útrinne moat,
Hearlike dagen belibje wy, mar dit kin net goed komme fansels.
Tinzen komme en gean, lit jin der net troch meislepe.
Is men ien kear oer in grins, dan is men ferlern.
Ik lês it boek Mystearjes fan Knut Hamsun. De haadpersoan ferkeart op ’e grins fan selsmoard, hat dêrta in fleske blausoer yn ’e bûse, giet yn it stedsje oan wâl, kletst elkenien de earen fan ’e kop oer wat mar by him opkomt, ferkeart yn ’e sande himel en donderet der wer út, leit it mei twa froulju oan, it is kranksinnich mei dy man.… Lês fierder

No sneon: ensafh mei ensafheest yn poppodium romein

logo.ensafh

Frysk literêr tydskrift ensafh pakt út mei Ensafheest mei poëzy en pop yn poppodium Romein

Dichters: Hidde Boersma, Tsead Bruinja, Sytse Jansma, Sigrid Kingma, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf, Janneke Spoelstra, Geart Tigchelaar.
Bands: De Hûnekop (rock) en New Killer Stars (grunge).

It Frysk literêr tydskrift ensafh hâldt op sneon 12 maart yn Poppodium Romein in literêr en muzikaal evenemint. ensafh wol dêrmei benammen in nij en jonger publyk berikke en waarm meitsje foar de Fryske literatuer. Tagelyk is de jûn bedoeld foar de lêzers en meiwurkers fan ensafh en fierders foar elkenien dy’t ynteresearre is.

ensafh is ûntstien út de tydskriften Hjir en Farsk en bestiet no twa jier.… Lês fierder

Nu. 1 fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It earste nûmer fan 2011 fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh 1 yn print

3 Redaksjoneel
Jacobus Q. Smink
4 Last Honour (poëzy)
5 Fear to Die (poëzy)
6 Guilty Moon (poëzy)
Cornelis van der Veer
7 Sterker as de stoarm, in Deenske boereroman (essee)
Nyk de Vries
21 High Class Chick (poëzy)
Klaas Rusticus
22 Omoe (proaza)
Anne Feddema
34 Anis del Mono (poëzy)
35 Piero della Francesca (poëzy)
36 Hjerstjacht Costa Brava (poëzy)
37 Vladimir en Estragon (poëzy)
39 Hendrik Elings – tekening
Oene Spoelstra
40 Libben en dea fan Eberhard K.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Sobere foarstelling fan ‘De Fryske Toppers’ yn Kleasterkapel Sibrandahûs

logo.ensafh

Foar de grap waard it nije trio Jankobus Seunnenga (ûnder mear bekend fan Kobus Gaat Naar Appelscha en Pigmeat), dichter Tsead Bruinja en dichter/sjonger Meindert Talma ‘De Fryske Toppers’ neamd. Dit trio trede snein 16 jannewaris 2011 foar it earst yn dizze gearstalling op yn de Kleasterkapel fan Sibrandahûs.

Alle trije klaaid yn it swart passe se goed yn de sobere ambiânse fan de Kleasterkapel. Foardat de hearen út ein sette freget Bruinja oft elkenien yn it publyk Frysk ferstiet. Ien jout oan gjin Frysk te ferstean en Bruinja sil fierder yn it Nederlânsk. ‘Foar dy iene frou?’, freget Meindert Talma.… Lês fierder

Nû. 7 fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It sande nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh 7 yn print

3 Redaksjoneel

Hidde Boersma
4 De grize skyl (poëzy)

Josse de Haan
5 Ite mei Rosa Luxemburg en Eleonora Marx yn it hûs fan Friedrich
Engels yn Londen
(besprek fan Politicus uit hartstocht. Biografie van Pieter

Jelles Troelstra fan Pieter Hagen)

Nyk de Vries
16 Dire Straits (proazagedicht)

17 Hendrik Elings – tekening

Piter Boersma
18 In boek as syn eigen omstee (Besprek roman De fuery fan Bouke van der Hem)

Klaas Rusticus
22 Blauwe eagen (proaza)

Sigrid Kingma
30 Presokratepraat (poëzy)

Marijke de Haan
31 Skulp (poëzy)

Johan Deinum
32 Potstro mei suppleminten (besprek roman Potstro Fongers fan Sietse de Vries)

Teije Idzardi
35 Learjild (poëzy)
36 Deade linen (poëzy)

Bartle Laverman
37 Eala!Lês fierder

Yuan Zhen, Piter Boersma

krysanten yn bloei

logo.ensafh

sjoch dy hjerstblommen – it jier is al hast wer rûn –
by it sket lâns yn it lêste ljocht fan ’e jûn
net dat ik se fier boppe oare blommen set
mar nei harren bloei is it foar noch ien te let

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Yuan Zhen libbe fan 779 oant 831.)Lês fierder