Ik skreau it al earder yn it kader fan in ferneamde klip: ik ha neat mei hynders. Wa ken de bylden net mear fan dy prachtige hynderkloft dy’t op in pôle bûten de seediken op de kameraploech fan Omrop Fryslân stie te wachtsjen, wêrby’t guon fan dy omkoalen sels kâns seagen te fersûpen? Op de ien of oare manier kom ik dy Fryske knoltsjes hieltyd faker tsjin, fral as ik ûnderweis bin nei ien of oare literêre aktiviteit. Of tsjinkomme, dat is it wurd net, ik ryd se mear achterop, sis mar.
Mear op it weblog fan Koos Tiemersma… Lês fierder