Grut applaus by ôfskied fan Tryntsje van der Zee

logo.ensafh
Mei in grut applaus naam de Fryske toanielwrâld justermiddei ôfskied fan Tryntsje van der Zee-de Boer: de grande dame efter de skermen fan it Fryske teater. Ofrûne sneon stoar se yn ’e âldens fan 69 jier. Dizze bysûndere frou stie oan ’e widze fan Tryater en wie in libben lang mei ieren en sinen oan it selskip ferbûn. Tagelyk sette se jierrenlang sawol foar it amateur- as it beropsteater mannich toanielstik oer yn it Frysk. De ôfskiedsbijienkomst wie yn it Tryater-gebou, it plak dêr’t har hert nei útgie.
Pas yn septimber waard dúdlik dat Tryntsje van der Zee ûngenêslik siik wie.
Lês fierder

Perio

logo.ensafh

Perio Kleintjes

Bestiet tafal? Op bls 21 fan de LC fan hjoed op de kultuerside stiet in grut artikel oer de útjouwerij fan Willem Winters: lytsskalich, sûnder winsteachmerk, al fjirtich ‘boekwurkjes’útjûn. Op de foto de útjouwer achter de tafel mei in part fan de produksje der op.Lit my no juster by him oan dyselde tafel sitten ha om in plan út te wurkjen. Miskien ha’k wol út datselde kopke tee dronken. Tsja. Mei de tiid sil bliken dwaan as it petear fan juster fertuten dien hat! Winters yn alle gefallen lokwinske mei de fjirtichste útjefte ta stân brocht troch syn trochsettingsfermogen en eigensinnige ynbring.

Lês fierder

Fryske Skriuwerskalinder 2010

logo.ensafh

De Fryske Skriuwerskalinder is der wer, yn it bewende en fertroude formaat mei in spiraal en in steander.

Fjirtich dichters en skriuwers hawwe har ynspirearje litten troch it tema Wat oars. Mar der stiet ek poëzij en proaza oer algemiene ûnderwerpen yn de kalinder.
De prachtige yllustraasjes binne natuerfoto’s fan Jan Weistra. Dy foto’s makke hy spesjaal foar de Fryske Skriuwerskalinder. Se binne krekt wat oars as oars.

De Fryske Skriuwerskalinder is foar € 9,00 te keap by de measte boekhannels yn Fryslân. Jo kinne him ek by it Fryske Boek bestelle (ynfo@fryskeboek.nl). Yn de moanne desimber wurde gjin ferstjoerskosten yn rekken brocht.… Lês fierder

Afscheid Pieter Breuker met congres en boek

logo.ensafh

Dr. Pieter Breuker neemt op 18 december officieel afscheid als docent en wetenschappelijk onderzoeker Fryske taal aan het Frysk Ynstitút van de Rijksuniversiteit Groningen. Het afscheid wordt gevierd met een “Sporthistoarysk Kongres” op 18 december in de Koornbeurs in Franeker met de titel ‘Friese sport: tussen traditie en professie.’ Een viertal sprekers zal het woord voeren over de diverse facetten van ‘Fryskeigene’ sporten als ‘ljipaaisykjen, reedride en keatsen’. Prof. dr. Goffe Jensma zal spreken over het eierenzoeken onder de titel ‘Van professie naar traditie. Het ‘ljipaaisykjen’ als uitgevonden traditie’. Daarna voert drs. Daniël Rewijk het woord over het korte- en langebaanschaatsen tussen 1880-1890.… Lês fierder

Stik ‘Sulveren Bal’ rint goed

logo.ensafh

De earste foarstellings fan De striid om de Sulveren Bal binne al útferkocht. Foar de try-outs en de premjêre op 18 desimber binne gjin kaartsjes mear te krijen. It teaterstik fan jeugdteaterskoalle ’n Meeuw en Tryater spilet fan 15 oant 30 desimber yn De Harmonie yn Ljouwert.

It stik is bassearre op trije boeken fan Nynke van Hichtum: De jonge priiskeatser, De tsien fan Martens Afke en Schimmels voor de koets. It giet oer earmoede en oer keatsen.De tariedings foar de foarstelling binne noch yn folle gong.… Lês fierder

Op persoanlike titel

logo.ensafh

Elkenien hat prinsipes, is ’t net? Ik ek, ‘k sil se net allegear neame, mar oer ien prinsipe wol ‘k wol wat mear kwyt. It prinsipe “van hoor en wederhoor”. Nee, oer twa; ek noch dy fan sûn ferstân. Sa.

Wêr ’t ik op oan wol, freegje jo? No, elkenien dy’t de Fryske bloggers wat folget, wit dat der it ien en oar spilet tusken twa hearen en in middei. Der is al aardich wat oer skreaun en sein, oer feiten, gefoelens, ferûnderstellingen binne der makke, ynsinuaasjes ek. Ik haw it wat folge en “denk er het mijne van”.

Moai dat beide mannen in platfoarm hawwe en kom mei in eigen miening, al wurdt der bytiden wol bûten de pôt pisse.Lês fierder