Anne Feddema

Pica pica

logo.ensafh

 

 

 

Fûgelpanteon
Bjirk fol lûd

Aksterakteur
Spilet hjoed de rol
Fan alle oare túnfûgels
Dy komme yn it stik
Net mear foar
Oerstallige wjukken wurden
Yn ús klimmerplant

Soe ik faaks in
Dieresiel hawwe?
Alteast by ús efter
In fûgelsiel?

Sûfflearje my mar akster
Graach tekst
Gaadlik foar
Alle seizoenen

Ea by it weireizgjen:
Fûgelflechtperspektyf
Garuda pica pica
Sjammesjamaan

Net benaud wêze
Túnsitter
Ik bin it ommers
Mei in grut ferskaat
Oan oare stimmen
En…it is wier in pear wjukken

Ab ovo yolo
Kom ik wer foar
Yn it stik

 

 

 

 

 

 

 … Lês fierder

Anne Feddema

Twadde en fjirde elemint

logo.ensafh

 

 

 

Twadde en fjirde elemint
(nei oanlieding fan de dea fan fjouwer arbeidsmigranten yn Itaalje 2026)

Kennst du das Land
Wo die Zitronen blühn?
Dêr groeit nammers
Noch folle mear

Ierdbeien bygelyks
Dy moatte fan it lân
Nei longerjende mûle

Kom foar wurk nei
Us ierdsk paradys
Wy sille royaal
Wy sille rij wêze

Sinne en swit lit
Sûnder beleaning it
Ploaitsjen begjinne

Nei in moanne
Hurd bealgjen
Doarje jimme
Om jild te freegjen?

Dan mar dea
Hoppetee
Wy stekke jimme
Gewoanwei yn’ e fik

Pseudofrucht fol wetter
Fiersten te min om
Fjoer mei te dwêsten

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 … Lês fierder