It Nije Ryk

logo.ensafh

Foute grap, dacht ik in eerste instantie over de folder

Download the PDF file .

van ‘Het Nieuwe Rijk’, die informeert dat u nu gratis uw burgerservicenummer op de pols kunt laten tatoeëren als identificatiemiddel.
Waarom nu weer die associatie met de Tweede Wereldoorlog. De meeste complotdenkers vermoeden immers dat de overheid het plaatsen van RFID-chips overweegt, ter identificatie. Waarbij zo’n chip dan vast wordt geïntroduceerd als handige en onkraakbare vervanging voor de PIN-pas, o.i.d.

Zijn er natuurlijk ook nog de mensen, die zeker weten dat de massale inenting tegen de varkensgriep — die zeer mild is, en over zijn hoogtepunt heen — dient om de bevolking ter identificatie stiekem met nanodeeltjes te markeren.… Lês fierder

Opsterlân spilet Robin Hood

logo.ensafh

It iepenloftspul Opsterlân komt takom jier opnij mei in famyljefoarstelling. It giet om it stik ‘Hoe no, Robin Hood?’ dat skreaun is troch Bouke Oldenhof. Mei de famyljefoarstelling moat de groei yn it tal besikers trochsette. Dy begûn ferline jier mei it stik ‘Ronja de rôversdochter’, dêr’t ek in soad jongeren op ôf kamen.

‘Hoe no, Robin Hood?’ wurdt yn juny spile yn de bosken fan Sparjeburd op De Himrik. Op 7 en 9 desimber binne der audysjes.… Lês fierder

Biltse kultuerpriis bekend

logo.ensafh

Kirsten Zwijnenburg fan Aldebiltsyl krijt dit jier de Biltse Kultuerpriis. Se is ûnder oare de motor achter in iepen atelierrûte. Se wie ek seis jier lid fan de kulturele rie fan it Bilt en hjoeddedei is se benammen aktyf yn de Aarden Plaats, it kultuerhistoarysk sintrum yn Aldebiltsyl. Se is sels keunstner en wennet sûnt 20 jier op it Bilt. De ‘Bildtse Kultuurpriis’ wurdt Kirsten Zwijnenburg nije wike tongersdei útrikt.… Lês fierder

Skermer

Berne foar it paradys

logo.ensafh

Minsken binne berne foar it paradys. Sa sjoch ik it. Net foar de hel.

Mar dât is wol de omjouwing dêr’t se har yn rêde moatte. Ik bin net nayf.

Ik siet mei trije jonge minsken oan in taffeltsje yn it Grand Café fan it Gemeentemuseum yn Den Haag. Wy hiene de útstalling Cezanne-Mondriaan-Picasso besjoen. It wie oan in kop kofje of oars wat ta.
Ik seach nei dy jonge minsken en tocht: se binne berne foar it paradys.
Dat wie in emoasje.

It buorjonkje dat troch de hage ropt: ‘Hee.’ En wat letter: ‘Wat dogge jim?’ It buorjonkje, dat jin trouhertich oansjocht en gjin kwea yn it sin hat en folslein betrouwen yn jin stelt.Lês fierder

Andries Miedema

Teplak

logo.ensafh

De dei wie dien en op dy skiere jûn,
wylst skimer ’t grien ûntnaam fan ‘e dampe miede
in keppel kij yn dize driuwend rûn,
foel stiltme efkes wei troch ’t klokkelieden.

Ut ’t rûge perk naam ik fiif fingers ierde,
woech op ‘e hân as wie it goud de grûn.
De frou dy’t neist my my troch ’t libben fierde,
oereage ’t fjild oant dêr’t de kym ferdwûn:

Set hjir ús wente want as moarn de sinne
de greiden gloedzje sil en ’t libben tiert,
de fûgels sjonge oer it rûzjend liet

fan reid en ’t hoare boerewurkjen hinne,
stean wy dêr yn ’t fermidden mei ús plannen
en ’t honk foar alle tiid ûnder de pannen.… Lês fierder

Koos van der Sloot

Sonnet

logo.ensafh

‘Koos van der Sloot makket keunst fan útsûgde aaien die’t er mei allerhanne objekten gearfoeget ta assemblaazjes. Byldgedichten, sa soe men se neame kinne.’ (Huub Mous)

sonnet4

(foto: Linus Harms)

Op de boppesteande foto is it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot te sjen, it is in ‘byldgedicht’, yn dit gefal in ‘byldsonnet’. Elk aai stelt in wurdlid foar, in lossteand aai is ien wurd, tsjininoaroan pleatste aaien foarmje in wurd fan safolle lidwurden as der aaien tsjininoaroan stean.

Skriuw in sonnet op…

ensafh noeget elkenien út om it ‘byldsonnet’ fan Koos van der Sloot om te setten yn in ‘wurdsonnet’, folslein neffens Van der Sloot syn skema, dat wol sizze hast folslein.… Lês fierder

Jelma Knol

Yasperina yrriteart

logo.ensafh

Bollman & Bollman, Marga Claus har fjirde roman, giet oer in travestyt, Yasper, dy’t wurket oan syn coming out.  De fraach is oft dat troch syn omjouwing akseptearre wurdt.
Dêrmei snijt Marga Claus op ’e nij in maatskiplik relevant tema oan yn har wurk, lykas se earder die yn Oxzana, ferhaal fan in flechtling (2000) en De heit fan Serafyn (2003). Dat falt yn dizze skriuwster dy’t tige lêsbere romans mei in heldere struktuer skriuwt, te priizgjen. Itselde jildt foar de yngeande dokumintaasje fan har ûnderwerpen. Wat dat lêste oanbelanget past Bollman & Bollman skoan yn de rige romans dy’t se earder skreaun hat.… Lês fierder