Het woord is spek geworden

logo.ensafh

De klok had al vier keer geslagen toen ik samen met Luuk Eisema gisteren aankwam bij het stadhuis van Bolsward. Te laat! dacht ik, we komen er niet meer in. Ik beklom de trap van het bordes en rammelde aan een dichte deur. Waarom zijn die houten balustrades nog steeds niet vervangen? De gouden leeuwen staan er wat súterich bij. En juist op dat moment kwam Jannewietske aanlopen met een pakketje in haar hand, waarin – zoals later zou blijken – een flink stuk spek voor Anne Feddema zat. De dood lust geen spek, maar Anne wel! Daar zal hij van de week van lusten.… Lês fierder

Knilles net yn de top trije…

logo.ensafh

Myn bondel Hûn oan ‘e himel siet nammers net by de top trije, sa sei in sjuerylid, heechstpersoanlik tsjin Knilles. Dat wie fansels in grutte skok. No, oare kear better mar. Ik doch fansels oer twa jier wer mei, mei Kening Kees. Mar ja.

Sil dizze winter myn nije bondel skriuwe. Der binne no fragminten genôch om der mei te bouwen. No sa. Dus oer fjouwer jier alwer in nije kâns.

Mear op it weblog fan Cornelis van der WalLês fierder

‘Feddema hâldt syn eigenheid’

logo.ensafh

Boalsert – De histoaryske riedseal fan it gemeentehûs yn Boalsert wie juster it dekor fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis oan dichter Anne Feddema foar syn dichtbondel Reidhintsje op ’e Styx. Boargemaster Vroegindeweij wiisde de lytse hûndert oanwêzigen derop dat it monumintale stedhûs it bêste plak is foar de plechtichheid; heit Japix hat noch holpen mei de bou fan de riedseal en de jonge Gysbert hat dêr mooglik dus noch boarte.

Mear yn it artikel fan Jelle Krol yn it Friesch Dagblad.… Lês fierder

Gerrit Bennerpriis nei Peeter

logo.ensafh

Keunstner Zoltin Peeter fan Hallum krijt de Gerrit Bennerpriis. Peeter ferwurket it lânskip dêr’t er trochhinne reizget yn bylden en tekeningen. De sjuery priizget hoe’t er besiket de krêften fan de natuer yn keunst te fetsjen.

Neist in oarkonde bestiet de priis út 4000 euro. De twajierlike keunstpriis fan de provinsje wurdt 13 febrewaris útrikt troch deputearre De Vries yn it Frysk Museum. Der wurdt ek in útstalling fan syn wurk iepene. Der wiene ienentritich ynstjoerings fan Fryske keunstners mei ferskate dissiplines.… Lês fierder

Ik bin der noch

logo.ensafh

De lêste wiken krige ik in pear mailtsjes fan minsken dy’t har wier oufregen: bist der noch? It is hast fjouwer moanne lyn dat ik min ofte mear geregeld dit út-en-troch deiboek byhold. It wurdt dus tiid om wer ris útein te setten. Oan ‘e oare kant: as ik der echt mei opholden wie, dan hie’t dat wol skreaun.

Hast fjouwer moanne lyn bruts ik dus myn heup. Ik krige in nijenien. Sa’n ding fan keunststof. Op dit stuit fernim ik der neat mear fan, dat ik nim oan dat ik allegear yn oarder is. Mar myn wrâld wie wol lyts, de ourûne tiid.… Lês fierder

Anne Feddema

Dea lâns de dyk 1

logo.ensafh

Foar Drs. P. (1919-…)

We ride
Troch Ruslân
Yn in bus
Earne yn ’e ‘Gouden Ring’
Tusken Suzdal en St. Petersburch
Sit ik haha mar mei dy aap
Dat lilke ding
Ik ûntkom der net oan
Dan flitst eat foarby
It liket hiel gewoan
Tusken dream en bjirkebeam
Foar it rút fan ’e rjochterkant
Minsken yn fleurige klean
Se steane ticht by elkoar
Dat is no net mear ferbean
Mar wat hie ik sjoen?
Mei dizze eagen
Draai film fluch werom
It wie de dea op skreagen
In kiste mei in lyk
Samar yn it sicht
Samar lâns de dyk
Man, frou
Jong, âld
Ha ik sa gau net sjoen
Lokkich is it net kâld
Lichem kin maklik yn ’e grûn
Men hoecht net te hakjen
Dêrnei sille se grif drinke
Ite, miskien fan boarden
Ea noch kocht yn
It Paradys op ierde
Yn Moskou
It warehûs
Goem.… Lês fierder