Willem Winters

Trelers

logo.ensafh

Sjoch, sjoch! Annek skrikt fan myn razen. Sy rydt en ik hâld de rûte by. Underweis nei de Pyreneeën.
Foar ús rydt in Blue Water! Mar earst mei in foto fan ’e sydkant kin ik myn stikje oer de typografy op trelers & oplizzers dien meitsje.
It begûn sa’n tweintich, fiifentweinich jier tebek. Yn in krante lies ik in stikje oer de lange linen dy’t op treler & truuk kombinaasjes oanbrocht waarden. Diagonaal oer de trúk, lange line[n] oer de treler. It waard in hiele hype, sokke strepen dy’t snelheid suggerearje. Ik wie noch materiaal oan ’t sammeljen, en doe ûntstie der al in nije trend: trelers mei tekst.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Opspoaring betocht

logo.ensafh

It wienen eins noch mar pjutten, de twilling. Se hienen eins nei de basisskoalle ta moatten fan ’t jier, as dit der net tuskenkommen wie. Ik beseach de tekenings nochris goed, ûnderútsakke yn ’e stoel mei in whisky malt. It jonkje hie in soad fan syn suske fansels, beiden wienen behindige typkes. Hy hie gymskuon oan, in swarte broek, wyt shirt mei swarte streepkes oerdwers. Fierder in eigensinnich kúfke dat him in soarte fan sjarme mei joech. Tûfen hier dy’t him út ’e krún omheech skeaten. Ik seach oan alles dat it mantsje lykas syn suske goed lykrûn. Harren noastopkes krollen proastich op.… Lês fierder

Skermer

Foar it Frysk

logo.ensafh

Friezen moatte iepener wêze foar nijkommers en net-Frysktaligen oer wol Bert Looper fan Tresoar ha, se binne tefolle yn harsels keard. Ik lies it yn ’e Ljouwerter Krante fan sneon 26 septimber 2009. It stik gong oer syn taspraak dy’t er dy middeis hâlde soe by de jierlikse betinking op it Reaklif fan de Slach by Warns. Ut it krantestik begryp ik dat er wol dat minder de klam lein wurdt op ’e taal, it Frysk. Mar dat de Friezen net iepen wêze soene, kin him net oan har taalgebrûk lizze. As se Nederlânsk tsjin har praten hearre skeakelje se dêr ek daliks op oer.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Anne Feddema

Dit nûmer stiet yn it teken fan Anne Feddema. Hy krijt dizze wike, tongersdei 15 oktober op it stedhûs yn Boalsert, de Gysbert Japicx-priis 2009 útrukt foar syn dichtbondel

Reidhintsje op ’e styx út 2005. De Gysbert Japicx-priis is de wichtichste priis binnen de Fryske literatuer en de priis wurdt om ’e twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy, sas dit jier.

Anne Feddema hat foar dizze ôflevering in nij gedicht ôfstien, ‘Dea lâns de dyk 1’, de delslach fan in reis nei Ruslân: ‘It wie de dea op skreagen’.

Yn de rige fraachpetearen dy’t Hidde Boersma foar ensafh makket is it dizze kear fansels Anne Feddema dêr’t er by op besite west hat: ‘No moat ik my sa stadichoan mar gedrage as in priiswinner: kreas yn ’t pak.… Lês fierder

Koos van der Sloot

Oeraai

logo.ensafh

wy wienen manmachtich
sa fier it each rikke koe
widzjend op ’e weagen

om ús hinne
waard it stadichoan
rommer
waard it stadichoan
hiel leech

allinne fierder

doe’t ik oankaam
bliek de ein
– it begjin

doe

Titel: ‘Doe’
Keunstner: Koos van der Sloot
Fotograaf: Linus Harms
Lês fierder

Hidde Boersma

‘Dat moat in oar ék witte’ (Fraachpetear mei Anne Feddema)

logo.ensafh

Hidde Boersma op besite by de mei de Gysbert Japicx-priis lauwere dichter Anne Feddema

Dizze dei…

Dizze dei gean ik mei in
Oaljefant yn ’e porsleinkas
We dûnsje en trilje fleurich
Oer blauich sjineeske Ming
En Delftsk – û.o. in toebackpot –
Ierdewurk

Wat ha wy in wille
Alles giet oan barrels
Jûchhei diggeldei dizze dei!

Doe kaam de plysje etsetera…
Wy moasten mei nei it buro
Lokkich is de oaljefant fan Jumbo
En kin’ wy de kommende tiid noflik puzzelje

(Ut: Reidhintsje op ’e Styx, side 35)

anne-feddema-schilderij3

Skilder, skriuwer, muzikant en libbensgenieter Anne Feddema hat de Gysbert Japicxpriis (GJP) krigen foar syn dichtbondel Reidhintsje op ’e Styx.… Lês fierder