Kollum Aant Mulder: Dat it net wat oars kin!

logo.ensafh

In kursist mailde my dat se guon dingen om har hinne mar min sette kin. Se neamde in foarbyld en einige har mail mei de opmerking ‘Ik bin poer’.
No hiene dy dingen aldergelokst net mei my te krijen, mar likegoed bleau dy opmerking hingjen. Der is sa no en dan genôch om poer om te wurden, om jin drok om te meitsjen. Guon lûke giele heskes oan, oaren blokkearje autodiken en wer oaren diele op de Nijstêd struibrieven út. En dan binne der fansels de ynstjoerde stikken en de kollums. Dêr doch ik ek oan mei. Ik kin foar Omrop Spannenburg fertelle wêrom’t ik my om guon dingen drok meitsje en dat kin ik wer yn kollums op It Nijs kwyt.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: In ko yn de kont sjen

logo.ensafh

Op it heden ha ik de bealch fol blauwe plakken. Net fanwegen in te entûsjast drankgebrûk of troch in bril mei de ferkearde sterkte. Nee, ik ha dy blauwe plakken om’t ik fan de iene fernuvering yn de oare fal. Alle dagen wer. Ien fan myn lêste falpartijen waard feroarsake troch bisterjochte-organisaasje PETA. Jim witte wol, dy fan de gjalp ‘molkedrinke is rasistysk.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Nadie Hania: Belle en it bist

logo.ensafh

Wêrom ik my sa graach ûnderdompelje yn Disney-sfearen as ik my kut fiel

Ik bin der wis fan dat der mear minsken binne dy’t miskien ek wol wat fan Disney yn’e kast hawwe. Ik bin 39 jier en ha in dvd fan Belle en it Bist yn de kast. In oantal jierren werom stuitte ik derop wilens it shoppen. It wie doe in kollektors item. En mocht ik my ris kut fiele, dan giet dit skiifke de dvd-spiler yn.

Lês fierder by Nadie HaniaLês fierder

Blog Lomme Schokker: In aai nei Peaske

logo.ensafh

Hie ik it net tocht! Myn pakesizzer fan trije komt ek hjoed wer fuortdaliks oan mei syn favorite printeboek. In moanne lyn wie syn moaiste boek Knipperke fan Lida Dykstra, dizze lêste pear wiken is it Charlotte Dematons har Sinterklaas. Hy kin werklik net wachtsje om nêst my op de bank te klimmen. Syn broerke fan amper oardel reaget er sûnder pardon oan de kant. Foar de âldste is it lêzen mei pake manljuswurk en dêr kin er, stiif tsjin my oan, dy lytsjonge mei syn taastende hantsjes en wyld swaaiende earmen net by brûke.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder