Blog Jaap Slager: Yn ’e pine sitte

logo.ensafh

In âld-FLOTUS (First Lady fan ’e Feriene Steaten) hat in boek skreaun oer har libben, hearde ik okkerdeis op it nijs.
Ik harke net earlik mei sân pear earen, mar dat feroare doe’t har miskream op it aljemint kaam. Hja ferhelle hoe iensum se har field hie yn dy snuorje, want… we don’t talk about these things – we just sit in our pain. De grize rûn my oer de grouwe en de triennen spatten my yn ’e eagen.
Ik stinde in skoftke om op de fraach wêrom’t ik sa reagearre. Nei ferrin fan tiid kaam my wat yn ’t sin…

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: It jieroersjoch fan in skilder

logo.ensafh

Dizze wike hie ik in petear mei in skilder. Nee, net in keunstskilder, mar ien dy’t meters makket. Kezinen, plinten en daksgoaten. Dy kaam mei in frijwat iepenbierjend oersjoch fan it jier 2018. It jier troch de eagen fan in skilder, sille we mar sizze. Hy seit dat er normaal sprutsen alle jierren wol in skema yn de holle hie oer hoe’t it der útsjen soe, sa’n skilderjier.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Portret fan Eppie Dam

logo.ensafh

Yn 2017 wûn Eppie Dam mei syn dichtbondel Fallend ljocht de Gysbert Japicxpriis. De heechste literêre priis fan Fryslân. Tresoar hat de Fryske keunstner Gerrit Terpstra frege om in portret fan Eppie Dam te meitsjen.
Freed 30 novimber 2018 is it nije portret ûntbleate troch minister Kajsa Ollongren. It nije portret is te besjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar.

Dit portret is in bysûndere oanfolling yn de tradysje fan Tresoar om de priiswinners te earjen mei in keunstwurk. De rige mei portretten fan Gysbert Japicxpriiswinners wurdt hieltyd wer útwreide mei in nije keunstwurk. It is sa stadichoan in rike samling keunstwurken fan ferskate Fryske keunstners.… Lês fierder

Henk Nijp

Yn ’e útferkeap

logo.ensafh

‘Inspiratie’ stiet der mei grutte kapitalen boppe in wandfitrine en even fierderop ‘Beleef’ mei in útropteken. Op ’e planken yn ’e útstalkast leit it meast opsichtige en lûdrazende krystguod dat der mar te betinken is. It útropteken stiet der folslein om ’e nocht, want it moais hat lawaai genôch. Ik wie dus yn sa’n winkel mei fan dat guod, wy ha der allegearre wolris west, je ûntkomme der soms net oan… Ik hie dêr kar út op syn minst 25 ferskate soarten kryst-led-snoerkes. Foar yn ’e krystbeam (bûten én binnen), oan de daksgoate, yn de bukshage, op ’e foardoar, yn de hortinsjes, yn de bjirken, om ’e flaggemêst en fierder oeral dêr ’t it mar yn- of oanheakje wol. … Lês fierder