Aginda 30-11-18: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Blog IJsbrand van den Berg: Rondje V

logo.ensafh

De Kuinder was ooit de harde grens tussen twee taalgebieden. Daarom heet dit riviertje in het Fries de Tjonger. En daardoor werd het Saksische dialect dat gesproken wordt aan oostelijke kant van de rivier voor Friezen het Oertjongersk [Over-Tjongers].

Veel kan me dat doorgaans niet schelen. Ik fiets even vrolijk aan de Friese kant van dat riviertje, als aan de Saksische kant. En toch geldt dat watertje ook voor mij als een grens.

Lês fierder by eamelje.netLês fierder

Gedicht ‘Hjelbeam’ fan Oane de Boer op RIXT

logo.ensafh

Oane de Boer is boeresoan en komt fan in pleats op Kie, in buorskip krekt ûnder Frjentsjer. As jonge kaam er faak yn it doarp Hjelbeam. Dêr wie it te rêden. Der waard keatst, toanielspile en feestfierd. In soad strjitten ha jo net yn Hjelbeam, mar ien derfan is It Paradyske, lyts dekôr foar dit gedicht. Oane de Boer makke yn april syn dichtersdebút by Ensafh, dit is syn earste gedicht foar RIXT.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Kollum Simone Djurrema: Fan ’e hûn nei de bok

logo.ensafh

Ik kin mei alle oertsjûging sizze dat Hindrik en ik der nea spyt fan hân hawwe dat we nei Sweden ferhuze binne. Fansels binne der saken dy’t net alhiel binne sa’t we it ferwachte hiene. Sweden stiet foaroan yn de misje om te soargjen dat minsken geslachtsneutrale wrâldboargers wurde sûnder nasjonaliteitsgefoel. In boartersguodbrânspuitauto mei net, want dy kin supermanlikheid en dus letter ferkrêftingen feroarsaakje, mar de ferkrêfters fan in alvejierrich famke litte se rinne en dy laitsje har yn it gesicht út as se har tsjinkomme.

Lês fierder by It NijsLês fierder