Blog Sigrid Kingma: Toanielskriuwe

logo.ensafh

De masterclass fan Bouke Oldenhof koe net op in better momint komme. Wy hawwe krekt foar alle rollen yn ús literêre kuier De Wuttelhaven del spilers fine kind. De hiele simmer stiet folplend mei repetysjes. Us spontane projekt krijt hieltyd mear stal, en no’t it tichterby komt, begjint it wol wat te kribeljen. Wy bliuwe fansels amateurs, mar it kin gjin kwea om jin in bytsje te ferdjipjen yn de teaterkeunst. No’t it Skriuwersboun de lêste wiken it teaterskriuwen oppakt hat, bin ik dan ek lid wurden. Sa siet ik justerjûn mei in stamtafel fol minsken yn café De Rolbrêge yn Tynje.… Lês fierder

Lânskipspoëzij op RIXT

logo.ensafh

‘Moandeitejun 18-06-18 ha seis dichters fan us kollektyf yn OBE optreden mei poëzy oer de lânskippen fan Fryslan. RIXT wie der op útnûging fan Bert Looper, direkteur fan Tresoar.[…] De oanwêzige dichters wienen Jetze de Vries, Hidde Boersma, Elmar Kuiper, Yva Hokwerda, Henk Nijp en Dirk Geerdink.
Hjir fine jo in pear fan de foardroegen gedichten.’

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Janneke Spoelstra nei Transpoesie yn Brussel

logo.ensafh

Foar de achtste kear wurdt yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Foar it earst is der ek in Fryske dichter oanwêzich, nammentlik Janneke Spoelstra. Hja mei op 26 septimber optrede wannear’t it de Europeeske Dei fan ’e Talen is tusken 24 oare talen út Europa.
It Network to Promote Linguistic Diversity hat ûnder oaren mei It Skriuwersboun kontakt opnommen om mei in foardracht te kommen. It Boun hat dat aktyf útsetten en in sjuery besteande út Alex Riemersma (Provinsje Fryslân), Cor van der Meer (Fryske Akademy) en Tryntsje van der Veer (It Skriuwersboun) hawwe út fiif opjeften de dichteresse Janneke Spoelstra keazen mei har gedicht ‘Altyd alve’.… Lês fierder

Aginda 06-07-18: Visions of the Basque country through Frisian eyes (and words)

logo.ensafh

Visions of the Basque country through Frisian eyes (and words)

Op freedtejûn 6 july is Talepaviljoen MeM it dekor foar in ynternasjonale jûn mei literatuer en muzyk. Publyk is fan herte wolkom. Sintraal stiet de Baskyske taal en kultuer. Yn in ynformele talksjo komme ferskate sprekkers oan it wurd. Sa binne skriuwers Gerard de Jong en Bart Kingma te gast. Beide reizgen sy foar it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden nei Baskelân. Se fertelle oer harren ûnderfinings dêr en stelle de fraach oft der oerienkomsten binne tusken de Baskyske en Fryske taal en identiteit. Ek komt Mirjam Vellinga oan it wurd. As projektlieder fan Lân fan Taal by de Afûk is sy de betinkster fan de Baskyske wike.… Lês fierder

Aginda 06-07-18: Presintaasje ‘Freark fan Hallum’

logo.ensafh

Freed 6 july is de presintaasje fan it boek Freark fan Hallum, oarspronklik yn it Latyn skreaun troch kanunnik Sibrandus Leo (1528-1583) en no streekrjocht fan it Latyn oersetten yn it Frysk troch Klaas Bruinsma (1931).

It boek beskriuwt it libben fan earwearde pater Frederik van Hallum (1125-1175) de stichter en de earste abt fan it kleaster Mariëngaarde, de tún fan de Hillige Maria, sa’t er it kleaster neamde by de stichting yn 1163. Freark wie der abt fan 1163 oan’t 1175.
Yn 1575 hat Sibrandus Leo fan it Promonstratenzer-kleaster (orde fan Prémontré) fan Mariëndal te Lidlum by Tsjummearum yn de Vitae Fretherici it libben fan Freark beskreaun.… Lês fierder

Teleks: Fryske dichters yn de Grinzer Prinsentuin

logo.ensafh

Fan de site:

Het festival eindigt zondagmiddag 15 juli in de Prinsentuin. Die ochtend is er een Friese brunchwandeling (met suikerbrood). Friese dichters dragen voor, je maakt op bijzondere wijze kennis met het werk van Dichter van Fryslân Eeltsje Hettinga en wordt door hem bijgepraat over de huidige stand van de poëzie in Friesland. Er is een poëtische krachtmeting tussen Geart Tigchelaar (Friesland) en Myron Hamming (Groningen). Het zanger-vertalertrio The Siskins (Ireen Niessen, Elsbeth Mulder en Klaske Kamstra) brengt tot slot de harmonie tussen beide provincies terug met hun Friese (en anderstalige) bewerkingen van klassiekers.

Sjoch hjir foar it folsleine programma… Lês fierder

Blog Klaas Kasma: Lieve Buuf

logo.ensafh

Natuurlijk heb ik een oplossing voor je slaapproblemen. Jij houdt van rust zeg je en wilt vroeg naar bed. Maar lieverd, als je tussen 3 horecabedrijven in gaat wonen en om half 11 wilt gaan slapen, is de enige oplossing oordopjes. Wilde seks wil ook eens helpen, maar dan slaap je weer niet natuurlijk. Het is ook kloten dat al die mensen op straat staan te roken en te praten als jij alleen in je bedje ligt. Het komt ook een beetje door dat huis waar je woont. Stichting Hendrick de Keyser heeft veel historisch besef, maar weinig mededogen met de mensen die hun huizen huren.… Lês fierder