Teleks: De nacht fan Mare bekroand mei Rink van der Veldepriis 2018

logo.ensafh

De nacht fan Mare bekroand mei Rink van der Veldepriis 2018

De Rink van der Veldepriis 2018 is freed 15 juny útrikt oan skriuwer Willem Schoorstra foar syn roman De nacht fan Mare. De oarkonde, de jildpriis en in byld fan Anne Woudwijk is him by de skriuwersarke fan Rink oerlange op de Feanhoop.

De foarsitter fan de sjuery, Janny Bottema, priizge it boek û.o. om syn byldzjende en poëtyske skriuwstyl, dy’t bytiden ek ‘rjocht foar de raap is’. As je ien kear begûn binne te lêzen, lit it ferhaal je net mear los. Neffens de sjuery behearsket Willem Schoorstra de Fryske taal oant yn syn fingerseinen.… Lês fierder

Blog Jona Lendering: Pingjum

logo.ensafh

De trouwe lezers van deze blog weten dat ik graag een eind ga fietsen en dat ik momenteel een klus heb ik Leeuwarden, dus het lag in de rede dat ik eens zou schrijven over dit mooie vlakke land. Vorige week moest ik in Harlingen zijn en omdat het een mooie avond was, besloot ik naar Makkum te rijden, waar ik als kind eens ben wezen logeren. Onderweg kwam ik door Pingjum, waar ik vorig jaar al doorheen was gekomen, op weg van Schagen naar Groningen. Een bord over de “Pingjumer Gulden Halsband” had toen mijn aandacht getrokken maar omdat het die dag nog een eind rijden was, had ik het gelaten wat het was.… Lês fierder

Blog Cornelis van der Wal: It Font, pretinsjeus amateurisme

logo.ensafh

Jim witte faaks noch wol, dat ik wat de gek hie mei Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp harren mediaprojekt It Font. Ik neamde it projekt ûnder oaren artsy-fartsy-gedoch. Mar dat wie fansels net alhiel earlik, want ik hie It Font noch hielendal net sjoen. No wie it gefal dat ik op 03-06-2018 tafallich yn Oranjewâld foardrage moast, as meiwurker oan in saneamde guerilla-aksje fan RIXT, it nije Dichterskollektyf, dat nammers wat publisiteit oanbelanget folle mear oandacht kriget as Eeltsje syn Dichter fan Fryslân, mar hawar. It Font stie ek op it programma, in bûtenkânske alsa!

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Blog Jaap Slager: Haadstik 8 Fúljeton Lytse Pier: In bannige dei

logo.ensafh

– Ik moat pisje.
Dat ferbriek de betsjoening; wy wiene fuort werom yn ’e werklikheid.
Toe mar efkes, andere Japik wylst er syn pinsiel oan in flarde ôffage, jo witte it paad ommers.
It frommes ferdwûn kontsjedraaiend efter it dekor nei it húske.
It âlde bûthús wie it atelier fan Japik. Neist trije jier doe’t er him yn it spultsje nei wenjen set hie, hie er grutte glêzen yn it tek sette litten; want wy hiene hjir ‘it moaiste ljocht fan Nederlân’, hied er beard. Dat hie Rembrandt ek al ferkundige, in skoftsje werom; dy hie neffens Japik jit in setsje yn St.… Lês fierder

H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (I en II)

logo.ensafh

I. Ut de tsjusternis wei

Oer Herbert West, dy’t myn freon wie op ’e universiteit en dêrnei, kin ik allinne mei ekstreme freze fertelle. Dizze eangst komt net allinne troch de sinistere wize dêr’t er koartlyn op ferdwûn is, mar waard opwekke troch de hiele aard fan syn libbenswurk. It krige syn heftige foarm mear as santjin jier lyn, doe’t wy yn it tredde jier sieten fan ús stúdzje medisinen oan de Miskatonic Universiteit yn Arkham. Yn de tiid dat er by my wie, fassinearren de wûnderaardichheden en duvelskeunsten fan syn eksperiminten my sûnder ein, en wie ik syn neiste kompanjon.… Lês fierder