Teleks: Europeeske kultuerkommisje skrast wurkbesite nei Ljouwert

logo.ensafh

De kultuerkommisje fan it Europeesk Parlemint hat in wurkbesite oan kulturele haadstêd Ljouwert ôfsein. De kommisje soe moandei en tiisdei op wurkbesite komme yn Ljouwert. Dy besite is lykwols skrast, omdat der te min belangstelling foar wie. Omdat mar twa Europarlemintariërs har opjûn hiene foar de offisjele besite oan de Kulturele Haadstêd, hie foarsitter Petra Kammerevert fan de kultuerkommisje gjin oare kar as de besite ôf te blazen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 24-05-18: Presintaasje ‘It Parfum’

logo.ensafh

Op rûnfeartboat “Harmonie” (lisplak: Drachten) fersoarget Utjouwerij Regaad de presintaasje fan syn nijste boek: in Fryske oersetting, troch Jan Popkema, fan Patrick Süskind’s bekende misdiedroman “Das Parfum”.

Underweis oer de prachtige Smelle Ie sil it farfolk muzyk, poëzij, in moaie skôging oer it boek én wiet en drûch ta him nimme kinne. M.m.f. Elmar Kuiper, Hein Jaap Hilarides en Henk Harbers.

Fanwegen it beheinde tal plakken is opjefte fóar 22 maaie ferplichte (fia ynfo@regaad.nl).

http://www.regaad.nl/wp/boekpresintaasje-it-parfum… Lês fierder

Nadie Hania

Fannacht

logo.ensafh

 

Justernacht

dreamde ik of wie ik wekker
ik wist it net

ik fielde dyn hannen op myn boarsten
en hie it gefoel dat dyn lippen my subtyl oantipten

fan genot begûn myn lichem te triljen
ik fielde my sa lokkich en befrijd
sa as ik it noch noait earder field hie
do wiest sa sêft en tearhertich
op dat momint joech ik my hielendal oan dy
waard weak yn dyn hannen en kaam ta myn geriif

mar doe’t ik fan ’e moarn wekker waard
wist ik, it hie in dream west
ik hie wol in prachtige nacht hân mei dy
fol mei fleislike begearten… Lês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Vladimir

logo.ensafh

Hjoed op de dei ôf twa jier lyn siet ik op in fleanfjild yn Moskou. Domodedovo, sa hjit it. Ik moast dêr in oantal oeren wachtsje oant de Lufthansa my fan Moskou nei Munchen bringe soe. De reis wie in oantal oeren earder al begûn, fan in hobbelich fleanfjild boppe de poalsirkel nei de Russyske haadstêd. Dêr yn it hege noarden wie it min tweintich graden en doe’t ik letter op de dei op Schiphol ta de doar útstapte, stie der 21 graden op de digitale termometer. De jas koe út, sis mar. It waar wie hast krekt gelyk oan dat fan hjoed.… Lês fierder