Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXI

logo.ensafh

Op 1 jannewaarje 1900 naam Pieter Spijker (1851–1911), hikke en tein yn Ljouwert, offisjeel de boek-, kantoar en keunsthannel fan de twa jier earder ferstoarne Sytze Smeding oer. Dy saak stie oan de Koarnmerk L 221 (no Foarstreek 23), hoeke Woartelhaven. Spijker hanthavene de namme ‘Firma S. Smeding’ en skreau oer himsels yn de Leeuwarder Courant: ‘Met dank aan allen voor het genoten vertrouwen in genoemde Firma, hoopt hij dat vertrouwen zich verder waardig te maken en beveelt hij zich beleefd in ieders gunst aan.’

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Teleks: Wa skriuwt it moaiste kroechferhaal?

logo.ensafh

Yn ’e wike fan 15 oant en mei 23 juny organisearje gemeente en Stifting FLMD yn gearwurking mei frijwilligers de Wike fan Rink. In wike dêr’t de Fryske taal, literatuer en it libben en wurk fan Rink van der Velde sintraal yn stiet. Ien fan de aktiviteiten dy’t dy wike organisearre wurdt is in skriuwwedstriid. Wa skriuwt it moaist kroechferhaal?

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Kollum Aant Mulder: Frysk ûnderwiis op ’e lange baan

logo.ensafh

It hat der alles fan dat it Frysk yn it ûnderwiis op de lange baan skood wurdt. Fan ’e wike lies ik yn ’e krante dat de deputearre in fûns foar Frysk op skoalle wol. Ik tocht, dat liket derop, in fûns en dus jild foar Frysk op skoalle. Dat fak kin wol wat ekstra jild brûke. Dat nijsgjirrich wurden lies ik it hiele artikel. Doe’t ik dat dien hie, wist ik likefolle as oan it begjin. De deputearre wol sa’n fûns realisearje. It jild liket ornearre te wêzen foar skoallen dy’t it net goed dogge. Dat jild kin dan brûkt wurde foar learkrêften en learmiddels.… Lês fierder