De stichting LF2018 hat besletten om gjin offisjele fertsjintwurdigers mear nei Malta te stjoeren, salang’t de organisaasje fan de Kulturele Haadstêd yn Valletta gjin ôfstân nimt fan de kwetsende toan, dy’t benammen de neibesteanden fan in fermoarde sjoernaliste treft.
De Ljouwerter organisaasje fan Kulturele Haadstêd LF2018 stjoert earst ek gjin offisjele útnûgingen mear nei Malta. De organisaasje fynt dat de wearden fan Kulturele Haadstêd no ûnder druk steane, troch de wize wêrop’t de fertsjintwurdigers fan Valletta 2018 har yn de media opstelle yn de kwestje om de moard op de sjoernaliste hinne.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder