Rink van der Veldepriis en begjin seizoen Skriuwersarke kombinearre
De útrikking fan de Rink van der Veldepriis en de ôftraap fan it seizoen fan de Skriuwersarke op De Feanhoop fine dit jier plak op freed 15 juny. De inisjatyfnimmers de gemeente Smellingerlân, de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en It Fryske Gea sette dat mei-inoar op priemmen.
Oanlieding
De oanlieding foar de gearfoeging is it fertrek fan Friese Perse Boekerij út de organisaasje fan de Rink van der Veldepriis; de útjouwerij gong fallyt. De stifting FLMD dy’t alle simmerskoften de Skriuwersarke fan It Fryske Gea hiert en beskikber stelt oan skriuwers, hie al earder oanjûn yn de organisaasje fan de literatuerpriis behelle te wurden.… Lês fierder