Kollum Hilda Talsma: Swalker

logo.ensafh

Ofrûne sneontejûn wie it boekefeest en dêr moast ik ek ferskine. Omdat ik jûns al betiid fuort moast, hie ik de middeis al in grutte panne snert op stean. Doe’t dat stie te protteljen, moast ik ek noch efkes myn strontkroade leegje en doe seach ik yn it waskhok op ‘e jachthaven eat dat ik nuver fûn. Der siet in man mei in mûtse op en hy hie de holle ferslein yn beide hannen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Tsead Bruinja

figuranten

logo.ensafh

doe wennen wy yn in úthoeke
oan ’e râne fan in oseaan

koenen it wurd hjerst net
klauden om mei tefolle goaden

ús lân wie like beferzen
as it rauwe fleis dat wy ieten

ús gewoanten en wetten
net minder kâld

no wenje we yn it each
fan de stoarm

oan ’e râne fan in feart
dêr’t in keppel frjemd folk
oerhinne komt

wy ha leard

ast dysels in bytsje fatsoenlik
en moedich

de annalen yn ha wolst

moatst dyn fijân grut meitsje
syn legers ûnearbiedich

en dreech te ferslaan

Skreaun by it ferskinen fan
Een meelijwekkend volk. Vreemden over
Friezen van de oudheid tot de kerstening.
Lês fierder

Aginda 21-03-18: Presintaasje jeugdboek ‘Swarte swan’

logo.ensafh

By Utjouwerij Hispel komt nije wike woansdei yn Fryske oersetting it jeugdboek Swarte swan (Ned. Zwarte zwaan) fan Gideon Samson út. Jeugdboeken yn it Fryske binne der mar in bytsje. Dizze útjefte is dêrom foar de oanbelangjende groep lêzers (learlingen fuortset ûnderwiis) tige wolkom. It boek is oerset troch de betûfte oersetter Geart Tigchelaar en sil nije wike woansdei (21 maart) presintearre wurde op it Dockingacollege yn Dokkum (yn Havûklassen).

Tiid: 12:30-13:10. Presintaasje Jelle Bangma.

 … Lês fierder

Blog Wobbe Atsma: natura morta

logo.ensafh

Wat wol in skilder mei syn wurk sizze? Dat is in fraach dy’t net direkt by elkenien opkomme sil, mar wol foar de hân leit. Mooglik jout de fraach rjochting oan it besjen en makket it in skilderij nijsgjirriger.
No sil net elke skilder mei syn wurk in ferhaal fertelle wolle, sa’t ek net elkenien by it besjen fan in skilderij der nei siket. Mar dy’t dat al dogge, soenen dy dan kollektyf itselde waarnimme of betinke se mar wat? It kin grif alle kanten op. Dy frijheid ha we gelokkich. Dat makket dat it goed yn dy opnimmen fan watst sjochts fertuten docht, want der stekt faak mear achter dan ast tinkst.… Lês fierder

Blog Geart Tigchelaar: StAnza – St Andrews: Fourth and fifth day

logo.ensafh

On Saturday it rained all day, but we didn’t care about that, since we were tucked up in this lovely and warm Scots house. The thing was that Sigrid Kingma, another Frisian poet, and I were collaborating with two Scots poets, Rachel Plummer and Stewart Sanderson, to translate two of each other’s poems. We already made drafts back home, but now we had a chance to talk about it and ask each other questions. We dived into each other’s work, trying to get the meaning behind every sound, every sentence break and point. Then it goes further than just a close read.… Lês fierder

Aginda 25-03-18: Presintaasje ‘famke fan snie’ fan Paul van Dijk

logo.ensafh

Paul van Dijk op Favebook:

‘Bin bliid dat ik jim it omslach fan myn dichtbondel sjen litte kin!
FAMKE FAN SNIE is de titel. Sûnt it ferstjerren fan ús dochterke haw ik der oan wurke.
Dizze bondel is dan ek skreaun foar har.

De dichtbondel ferskynt op 25 maart en is dêrnei te krijen by de measte boekwinkels yn Fryslân.

De bondel wurdt op 25 maart presintearre yn Warkum. Hoek van de stal, súd 154, om 15.00 oere.
De middei sil in cross-over wurde fan myn gedichten, mei eigen muzyk.
Jitske Draijer sil dy middei it foarprogramma fersoargje.

Do bist útnûge!… Lês fierder

Blog Daam de Vries: ‘t Hijgend Hert

logo.ensafh

Mem krekt efkes om in miel iten út en ûnderweis oan de praat rekke mei de soartgenoaten. En dêr lizze jo dan te lizzen. Jo ha slim toarst, want jo ha altyd toarst. Mar it eint foar gjin meter mei dat minske. No, dan begjinne jo mar wat te skriemen. Meast helpt dat.

Dat wit mem fansels ek wol dat dy fljocht har in slach yn ‘e rûnte. Is it minskje dan op ’t lêst sawat skjin oan d’ein dan komt se oansetten mei de rispinge.

Lês fierder by DaamLês fierder