Blog Huub Mous: Liefde van later

logo.ensafh

 

 

Goethe reisde naar Italië, Rilke deed Rusland aan,
en als een ander mens kwamen zij weer terug.
Op mijn oude dag ben ik naar Harlingen gegaan.
Een jonge man kon ik niet worden, maar ik heb
met haar aan het einde van de pier gestaan.
Haar hond liep op de balustrade. We spraken honderduit
en liepen terug de haven langs,
voorbij ’t Havenmantsje, waar later op de avond
een goedgevulde dis voor ons klaar zou staan.

Lês fierder by Huub MousLês fierder

Marcel Plaatsman

It akwarium

logo.ensafh

Foar it Biermuseum fan Alkmar oer, dêr’t ik wurkje, is in akwarium.
Dat akwarium is eins in kantoar. Ik neam it sa, omdat it gebou oan alle siden ruten hat, sûnder gerdinen of eat oars dat de eagen tsjinhâldt. Yn it akwarium wurket in tal famkes fan itselde type: ljocht hier, lange skonken, hege hakken – dat se moatte wol oannaam wêze troch ien mei krekt dy foarkar, allinnich sjoch ik dêr nea in fint.
Dy wurket net yn syn akwarium, fansels.

Dy hege hakken falle in oar net sa gau op, mar sels bin ik der tink ik wol gefoelich foar, en ik ha dy skuon ek fan tichterby sjoen.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Gjin tweets en retweets

logo.ensafh

As wy gjin kranten en oare nijsmedia hiene dan soene wy der nuver mei oan wêze want dan witte jo net heal wat der om giet.

It petear fan de dei wie ferline wike de ‘Week zonder vlees’. Trending Topic op Twitter, mannich en mânske bedriuwen dy’t meidiene, supermerken net te min, dat jo kinne neigean dat elkenien der oan meidien hat. No is dat op himsels net sa’n unikum want earder hat al bliken dien dat mear as de helte fan de Nederlanners op syn minst trije dagen wyks net oan deade bisten komt. Dat dat ek komme kin om’t se net witte dat aai yn hynsteljirre befrissele net yn it fabryk makke wurdt, stiet der dan wer net by.… Lês fierder