Republiek der Letteren

logo.ensafh

De term ‘Republiek der Letteren’ wordt sinds een aantal decennia regelmatig gebruikt in weekbladen en in de culturele supplementen van enkele landelijke kranten. Zo heeft Vrij Nederland al vele jaren de vaste rubriek ‘Het literaire leven/De Republiek der Letteren’. De term zelf en het concept hebben een lange geschiedenis en gaan terug tot de tijd van de Renaissance en het humanisme. Al vanaf de Middeleeuwen trof men her en der geleerde centra aan, universiteiten, kringen van gelijkgezinden en kloosters, waar verwerving van kennis en uitwisseling van ideeën de belangrijkste activiteiten waren.

Lês fierder by HistoriekLês fierder

Blog Jaap Slager: Frjemdling yn Jeruzalim

logo.ensafh

In Fries werkent men út tûzenen. Net daalks oan syn uterlik, nee. Syn sjongerige trant fan praten ek net oan. Nee, men werkent him (of har fansels) oan syn irony. Us djipste gefoelens en de wierheid meie wy graach justjes oerstrike mei wat droege humor. De wierheid hat dikmels in fierstente skel lûd en ús emoasjes yn har folle gloarje ta útdrukking bringe, fine wy gau te kliemsk of te kleierich. Dêrfandinne dat beide jamk foarsjoen wurde fan in licht spotsk, talich knypeachje (‘ja, spot der mar mei, sei de boer en hy smiet de bûter tsjin ’e poarte’). Dat hat fan dy gefolgen west dat it Frysk withoefolle siswizen en útdrukkings ken dêr’t suver net ien fuort oanstjit oan nimme kin, mar dy’t foar in goed fersteander sa klear as de dei binne.… Lês fierder

Teleks: Griet Op de Beeck lûkt soad minsken nei Frysk Boekefeest

logo.ensafh

Op it Frysk Boekefeest yn Ljouwert kamen sneontejûn in pear hûndert besikers ôf. In protte minsken kamen spesjaal nei it Schaaf City Theater foar de Flaamske skriuwster Griet Op de Beeck. Sy is bekend fan ûnder oare ‘Vele hemels boven de zevende’ en ‘Kom hier dat ik u kus’. Foarôfgeand oan de lêzing fan Op de Beeck wie der in diskusje oer it tema ‘froulju yn de literatuer’ mei fiif Fryske skriuwsters: Elske Schotanus, Neeltje Bonnema, Baukje Zijlstra, Hilda Talsma en Jetske Bilker.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Fryske boekenwrâld skrikt fan íén stjer foar Griet Op De Beeck (jûn yn Sealen Skaaf)”

logo.ensafh

Oei, it boekewikegeskink ‘Gezien de feiten’ krige juster yn de Volkskrant mar ien stjer: “Griet Op De Beecks Boekenweekgeschenk is ondermaats: dit is geen propaganda voor het Nederlandse boek.” Mei tank oan de Limburger dy’t ek ien stjer joech, krige it boek, by elkoar opteld, twa stjerren ? Ek oare resinsinten – De Groene, NRC, De Morgen – blike net mijen. By my ropt soks de fraach op: Wêrom is it boek eins yn it Frysk oerset? ‘Sa’t it lân derhinne leit’ is de Fryske titel. Sa leit it lân der dus hinne …

Tekst Elske Schotanus op Facebook. Boarne: LiwwadersLês fierder