Kollum Hein Jaap Hilarides: Bildts in België

logo.ensafh

Ik had ’n optreden in Luik. Dat komt niet alle weken foor, sterker, ik hew nag nooit in België optreden. (Ik reken ’n straatoptreden in Antwerpen niet met.) Dus dat waar wel besonder.

’t Optreden fon plak in de Universiteit fan Luik, en wel in de koaning Willem I-saal. ’t Waar ’n prachtige halfrônde saal met Grykse pilaren en beelden en helendal bovenin ’n fresko fan Willem I.

L6es fierder by GoeieLês fierder

Teleks: Fryske Oersonate fan Erik de Boer nei Oerol

logo.ensafh

 Byldzjend keunstner en performer Erik de Boer (op de foto hjirboppe fan Natalia Balanina), dy’t ek gemeentedichter fan Smellingerlân is, stiet fan it simmer op Oerol mei syn projekt “De Fryske Oersonate”, dêr’t er yn 2025 ien fan de winners fan De Gjalp mei wie, it gearwurkingsprojekt fan algemien-kultureel tydskrift de Moanne, literêr tydskrift Ensafh en Frysk dichterskollektyf RIXT. 

 

Erik de Boer fette foar  it plan op om in Fryske ferzje fan de ferneamde Ursonate fan de Dútske dadaïst Kurt Schwitters te meitsjen. Dat klankgedicht út de jierren tweintich fan de foarige iuw bestiet út in rige klanken sûnder gewoane wurden, mar mei de struktuer fan in klassike sonate.… Lês fierder

Lomme Schokker

Oade oan Jelle Krol

logo.ensafh

Besprek ferhalebondel Lêze blinder. Gearstalling en redaksje: Arjen Dijkstra en Marijke de Boer. Mei bydragen fan Jetske Bilker, Douwe Kootstra, Janneke Spoelstra, Klaas van der Hoek, Ytsje Hettinga, Bouke Oldenhof, Wieke de Haan, Doeke Sijens, Marijke de Boer en Goffe Jensma. 

Midden ferline jier ûntfong Jelle Krol by syn pensjonearring as kolleksjespesjalist/fakreferint cq teamlieder Fryske literatuer by Tresoar dizze bondel mei tsien ferhalen skreaun troch ‘skriuwers fan no’, sa’t it yn ’e ûndertiteling oanjûn wurdt. 

Om by dy gelegenheid as blyk fan wurdearring in liber amicorum te krijen moat Krol syn ynspanningen en bydragen foar in soad oaren wol in flinke yndruk makke hawwe.Lês fierder

Myrte Marije Veenbaas: Septimber – diel 4: sparje se allegear

logo.ensafh

Myrte Marije Veenbaas ferlear har mem yn de hjerst fan 2025, ien moanne nei de diagnoaze kanker. Yn de rige Septimber skriuwt se op dit platfoarm alle moannen oer har rouproses. Sa besiket se op ‘e nij betsjutting te jaan yn tiden fan ferlies.

Dêr stiest dan mei úthalen op it perron te janken. Dekoarumferlies. Wylst de measten my gewurde litte, komt in frou oansetten mei in jonkje by de hân.

‘Giet it wol?’, freget se freonlik, bûsdoekje yn ’e hân.

‘Us mem giet dea’, snokkerje ik, wylst ik it bûsdoekje al út har hannen nommen haw.

Lês fierder by de MoanneLês fierder

Oersetting Franz Kafka, Earste leed

logo.ensafh

Earste leed

In trapeze-artyst – lykas bekend is dy heech yn de nok fan grutte fariëtee-poadiums útoefene keunst ien fan de dreechste fan alle foar minsken berikbere keunsten – hie syn libben, yn ’t earstoan inkeld út syn stribjen nei perfeksjonearring, letter ek as tirannyk wurden oanwenst, sa ynrjochte dat er salang’t er yn deselde akkommodaasje wurke dei en nacht op de trapeze bleau. Alles dêr’t er ferlet fan hie – oars net in soad – waard yn foarsjoen troch rûlearjende tsjinstlju, dy’t ûnder wachten en alles wat boppe fanneden wie yn eigenmakke fetten omheech en omleech hysten. Spesifike swierrichheden foar de omjouwing feroarsake dy libbenswize net; allinne as de oare programmaûnderdielen ôfwurke waarden, wie it in bytsje hinderlik dat er boppe bleaun wie, wat net te ferbergjen foel, en der sa no en dan in blik út it publyk wei nei him ôfdwaalde, ek al hold er him op sokke tiden meast stil.… Lês fierder