Op sneintemiddei 26 april ferskynt Elmar Kuiper syn achtste bondel; Wytbekroek, by útjouwerij Hispel. Do bist fan herte wolkom yn Tresoar, fan 14.30 oere ôf.
Lara Kool, Sipke de Schiffart, Abe de Vries en Gerrit de Vries sille fersen foardrage. De muzyk wurdt fersoarge troch Jetze de Vries. De útjouwer, Piter Boersma (Hispel) sil yn petear mei Kuiper oer Wytbekroek.
Sintraal tema yn Wytbekroek is de dea. Dizze fûgel (roek) jout mei syn stim en eigen aksint, boadskippen oan ’e dichter en lêzer troch. Elmar Kuiper tekenet lyrysk en ritmysk, bonkich en liiflik op wat de fûgel sa al skrast en bekrast.… Lês fierder