Kollum Gerard de Jong: Reüny

logo.ensafh

‘Kirls! Wat doen jìm hier?’ froeg de man die’t toefallig lâns liep. Hest deselde leeftyd, wij konnen him nag fan froeger.

Saterdegoverdâg, wij waren bij de shoarmatint in St.-Anne. Der’t wij hest dartig jaar leden ok soawat elke aven waren, sont de opening in 1996. Foor koffy, ’n broadsy kameel, wat ouwehoere. ’t Most d’r ’n keer fan komme: ’n reüny fan ses beste maten fan doe. ’t Palet kammeraten dat myn jeugd kleurd het, ’t A-team fan myn tienerjaren. Goenent had ik meer as twintig jaar niet sien.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Teleks: Undersyk nei non-binêre foarnamwurden yn de Fryske taal

logo.ensafh

Taalwittenskippers fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utrecht binne yn oparbeidzjen mei Regenboogalliantie Fryslân en COC Friesland úteinset mei in taalkundich ûndersyk nei non-binêre foarnamwurden yn de Fryske taal.

De measte minsken sille der net by stilstean. Bist in jonge of man, dan heart dêr it foarnamwurd ‘hy’ by. Bist in famke of frou, dan heart dêr ‘sy’ by. Itselde foar ‘him’ en ‘har’, en besitlik ‘syn’ en ‘har’. Mar wat ast min of mear tusken dy kategoryen yn falst? Ast it net plezierich fynst dat se mei ‘hy’ nei dy ferwize, of datst dy net noflik fielst by ‘har’?… Lês fierder

Hat De Lemmer de bêste biblioteek fan Nederlân? “Tink dat we kâns meitsje”

logo.ensafh

It binne spannende dagen foar de biblioteek op ‘e Lemmer. Dy is folop yn de race om de bêste fan Nederlân te wurden. Nei meardere ronden sitte se by de lêste kânshawwers.
Yn jannewaris fan dit jier is de biblioteek nei in grutte ferbouwing op ‘e nij iepene. De programmearring waard oanpast en it bliek goed te wurkjen.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Pieter de Groot ûntfangt Pinning fan Fertsjinste

logo.ensafh

By in gearkomste yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL) krige Pieter de Groot de Penning van Verdienste útrikt troch boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. De útrikking wie op sneon 1 novimber by in kursus oer it Liwwadders, dy’t De Groot mei Reitze Jonkman fersoarget.

De Groot waard ferrast mei de komst fan de boargemaster, dy’t him yn it bywêzen fan de kursisten taspruts en de gemeentlike ûnderskieding en byhearrende oarkonde oerlange. Bysûnder wie ek de oanwêzigens fan De Groot syn frou, bern en oare minsken dy’t útnûge wiene. De Pinning fan Fertsjinste is in erkenning foar syn jierrenlange ynset foar it kulturele en literêre libben yn Ljouwert.… Lês fierder

Teleks: Tony Feitsmapriis 2025 foar jongerein

logo.ensafh

Tony Feitsmapriis 2025 foar jongerein

Der is in nije literatuerpriis foar de jongerein: de Tony Feitsmapriis. It giet om in priis foar poëzij en proaza (ferhalen en essees). De priis is in mienskiplik inisjatyf fan it Feitsma Fûns, de Federaasje fan Fryske Studinteferienings en literêr tiidskrift Ensafh. De priisfraach stiet iepen foar jongerein en jongfolwoeksenen oant en mei 29 jier. De bedoeling fan de priis is benammen om it kreatyf skriuwen yn it Frysk te befoarderjen.

De Tony Feitsmapriis 2025 sil útrikt wurde op it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings yn Frentsjer op 29 desimber. It tema is dit jier lânskip.

Lês fierder

Teleks: Oprop oan skriuwers: Wa wol oan it wurk yn de arke fan Rink?

logo.ensafh

Yn 2026 sil de arke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber wêze foar in skriuwer dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei en is eigendom fan It Fryske Gea. 

Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en oare persoanlike kosten, is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt mei It Fryske Gea, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). Oars as oare jierren is de arke no ek beskikber yn’e maaitiid en by ’t hjerst en by’t winter. Lês fierder