Kollum Gerard de Jong: ’n hotel

logo.ensafh

At je út de koffer leve fâle ândere saken je op, stelle je jesels ândere fragen, dinke je ândere dingen.

De lift skoat omhoog. Ik keek naar ‘t skermpy dat ‘t ferdiepingsnummer angâf. De nummers rôlden as fruit op ‘n gokkas foorbij, soa hard gong ‘t. Bij ferdieping 13 gong hij fol in de ankers. Ik had dos op 16 drukt?

Ja, op ‘t paneel sâg ik ‘t road-omrânde ‘16’-knoppy. De lift had soa’n gang had dat hij drie ferdiepings foor de bestimming al ôfrimme most, te fúl, as een die’t foor ‘t eerst rijles het en ‘t rimpedaal soawat deur de karrossery drukt.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Fan eigen boaiem

logo.ensafh

It hâldt my dwaande, dy hege konsintraasjes PFAS yn aaien. Yn earste ynstânsje wie ik skeptysk en tocht ik dat it in lobby wie fan de yndustry: Test de piken yn fersmoarge gebieten yn wintertiid, wannear’t de boaiemwearden it meast ûngeunstich binne. Dan wurde de aaien fan binnenhinnen ek wer ferkocht.

Fansels ha ik der in eigen belang by om sa te tinken. Ik wol de aaien fan ús hinnen leaver net fuortsmite. Dêrom soe ik hiel graach ús eigen grûn teste wolle. As dy wier sa smoarch is, dan hat dat ek konsekwinsjes foar myn pluktún en it ytbere bosk dat we oan it oanlizzen binne.… Lês fierder

Teleks: Meslânzer Woardeboek presintearre

logo.ensafh

Neidat der jierren oan wurke is, koe einlings in wurdboek fan it dialekt fan Midslân op Skylge presintearre wurde. Dat wie op tongersdei 14 maart yn Het Wapen van Terschelling yn Meslâns, sa’t Midslân lokaal neamd wurdt.

Skylge is dialektologysk in apart gefal. West-Skylge en de eastlike doarpen binne fanâlds Frysktalich, al is dat dan ek in Frysk dat slim fan dat op ‘e fêste wâl ôfwykt. Boppedat ferskille it Westers en it Aasters ek noch wer faninoar. Dêrtuskenyn wurdt der yn Midslân en byhearrende doarpen en buorskippen in taal praat dy’t heart by de Nederlânsk-Fryske mingdialekten lykas it Stedsfrysk, it Biltsk en it Amelânsk.… Lês fierder

Teleks: Explore the North doopt De Westerkerk om tot Podium Explore

logo.ensafh

Explore the North doopt De Westerkerk om tot Podium Explore

Explore the North doopt De Westerkerk officieel om tot Podium Explore. In het prachtige pand aan de Bagijnestraat 59 in hartje Leeuwarden zien bezoekers de komende maanden een programma vol taaltovenaars, nationaal bekende theatergroepen, jonge woordkunstenaars, spoken word performances én verschillende programma’s in het bijbehorende café, in samenwerking met lokale partners. Vanaf vrijdag 19 april opent Podium Explore wekelijks elke vrijdag haar deuren van 12:00 tot 00:00 uur.

Lês fierder by LiwwaddersLês fierder

Kollum Arjan Hut: Moat it altyd oer poep gean?

logo.ensafh

Moat it no altyd wer útdraaie op in poeppraatsje?”, reagearre âld-Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma op in resint Facebookberjocht. De freeds hie ik de stêd yn west en dêrnei hie ik der thús in stikje oer skreaun. Do makkest wat mei sa ûnderweis, mar yndied, it einige mei in observaasje fan in ferrassing op de stoepe. In hûn (ik seach him en syn baaske krekt de bocht om toffeljen) liet in soevenier efter foar ús hûs. Dat nim ik sa’n bist net kwea-ôf. Dat it baaske neat yn ’e gaten hie (of krekt die as hie se neat yn ’e gaten – se waggele as in ûndeade achter har telefoan oan) besocht ik om mei net al te folle oardiel wer te jaan.… Lês fierder

Blog Klaas van der Hoek: It poesyalbum fan Minke de Jong

logo.ensafh

Minke de Jong kaam út wat tsjintwurdich in ‘gearstald gesin’ neamd wurdt. Har âlden wienen widner en widdo doe’t se yn 1900 in nije lange hier yngongen en brochten beide twa bern út harren eardere houliken mei. Heit Jacob de Jong hie troud west mei Minke Syperda, mei wa’t er in soan en in dochter krigen hie, Jacob en Tettje. Mem Finnigje Bottema hie troud west mei Douwe de Boer, mei wa’t se twa dochters krigen hie, Sietske en Trijntje. Jacob en Finnigje krigen tegearre nochris twa bern: Minke dus, en har jongere broer Douwe. Opmerklikernôch ferneamden Jacob en Finnigje dy beide lêste bern nei harren eardere, ferstoarne partners.… Lês fierder