‘Frânsen ite trije kear deis,’ seit ús Nederlânske gasthear wylst er it sop opskept. Wy sitte by harren thús, achter op it terrein fan de mas. ‘Nederlanners ite de lunch faak efter har computer of de telefyzje. En jûns ek nochris stipt om seis oere. In Frânsman fynt dat ferskriklik. Hjir ite se om healwei achten.’
De mas dêr’t wy ferbliuwe is in soarte fan midsiuwsk buorskip dat no brûkt wurdt as keammerkes, húskes en kampearplakken foar fakânsjegongers. Der sit ek noch in lytse pleats by. Om by harren yn ’e hûs te kommen moatst earst troch in doar mei dêrop: Chiens de garde.… Lês fierder
