Kollum Gerard de Jong: Boat drinks!

logo.ensafh

Bilkert-om-ferens Cees Krottje gâf twee weken leden ’n presintasy op ’t jaarlikse Streektaalkôngres fan de Stichting Nederlandse Dialecten, dat ik as bestuurslid tegaar met ânderen na Franeker haald had.

‘n Puike presintasy over de kommende digitale ferzy fan ‘t Bildts Woordeboek en woordelisten, der’t wij baidegaar met anneks binne. Cees sloat syn presintasy ôf met ‘t welbekinde plaatsy fan Leonardo DiCaprio út Wolf of Wall Street , die’t ‘t glâs heft: ‘Proost!’

Temînsen, dat souwen je sêge, maar de ontnuchterende – rôndút beskamende – waarhyd is dat ‘t Bildts gyn aigen woord foor ‘proost’ het.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Kollum Froukje Sijtsma: Nynke set de tosken yn it Frysk

logo.ensafh

Provinsje Fryslân moat mear jild pompe yn de Fryske literatuer. Dat fynt it Skriuwersboun, in feriening fan skriuwers en dichters yn en út Fryslân wei, dy’t it literêre klimaat fan Fryslân befoarderje wol. Der moat neffens it bûn mear dien wurde om it Frysk lêzen en skriuwen te stimulearjen.
Der falt fan alles te sizzen oer hoe’t je sokke útdagingen yn it literêre klimaat yn Fryslân oanfleane moatte. Wat yn alle gefallen wis is, is dat der kampanje nedich is om boeken ûnder de oandacht te bringen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Tryntsje van der Steege

Rosjokte

logo.ensafh

It seizoen mei de measte ferskillende soarten jokte is fansels de simmer. It waar en ferskate oare amper te beynfloedzjen omstannichheden binne presys sa ôfsteld dat der hast net oan prikeljen, kideljen, kribeljen en jokjen te ûntkommen falt. It prykjen fan de felle, hite sinne yn ’e eagen en op ’e hûd, en ast der net om tinkst dan ferbaarnst en wurdt it prykjen stekken en gloeien en úteinlik it rûgeljende kideljen fan ferfeljend fel. It biten fan swit en sâlt seewetter, of krekt it gloarwetter fan it swimbad dat eins foar ferkuolling soargje moat. It strânsân dat dagen letter noch op plakken kribelet en skjirret dêr’tst dy fan ôffregest hoe’t it dêr kommen is.… Lês fierder