Teleks: In jier langer Fryske literatuer op it menu yn Kafee De Gouden Leeuw

logo.ensafh

Kafee De Gouden Leeuw – it smûke brune kafee fan Tresoar – bliuwt noch in jier langer iepen! Oant en mei desimber 2024 (!) genietest hjir fan al it moais dat de Fryske literatuer te bieden hat.

Yn it pop-up kafee hawwe it ôfrûne healjier tal fan (literêre) aktiviteiten west. Sa lansearren we Operaesje Fers mei it Frysk Film en Audio Argyf, hâlden we in dichtmiddei mei Tsead Bruinja en Hiske Oosterwijk én organisearren we in Fryske boekemerk. Ek de Fryske SLAM mei Gabrielle Terpstra en Sigrid Kingma, de kursusjûnen yn it Kafee en ferskate boekpresintaasjes wienen in grut sukses!

Lês fierder by TresoarLês fierder

Kollum Arjan Hut – Oer frjemde grinzen

logo.ensafh

Sneon reizgen de frou en ik nei Grins. It wetter stoarte út de loft, we hiene it net oan tiid om langer te wachtsjen. Kuieren nei it stasjon en sieten drippend en mei kletspoaten yn de kûpee. Efkes like it op te klearjen, mar de trein helle de bui yn, al foar Bûtenpost. We soene nei Grins om ús Iwan op te heljen, dy wie útfanhûs. Miskien noch nei it museum, as we net te benaud waarden fan de hege roltreppen.

Sa’n dei. Yn Grins spielde it noch. We wachten oant it oer gie, yn de hege hal op it stasjon.… Lês fierder

Annet Zaagsma

logo.ensafh

Annet Zaagsma schrijft poëzie in het Nederlands en soms in het Fries en maakt foto’s en ander (beeldend) werk. Met haar gedichten won ze diverse prijzen en ze heeft tot nu toe drie dichtbundels gepubliceerd. Ze debuteerde met Een mooier woord is vuurgevaarlijk, haar tweede bundel heette Ongedierte dat niet bevriest. Haar derde bundel is Opgelet. Het materiaal moet ademen.
Daarnaast zijn haar gedichten gepubliceerd in tijdschriften en in diverse verzamelbundels. Annet studeerde poëzie aan de Schrijversvakschool in Groningen, is aangesloten bij Klimaatdichters en lid van dichtgroep Dichters van de Eerste Verdieping. Voor Meander maakt zij interviews.

Lês fierder by MeanderLês fierder

Brabantse uit Dokkum wint Fryske poëziewedstrijd: ‘Troch myn pake fiel ik in bân mei de taal’

logo.ensafh

Lara Kool van Dokkum is één van de winnaars van een poëziewedstrijd van Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma. De opdracht was om een gedicht over een exact vak te schrijven. Doel was om zo op een andere manier naar wiskunde, scheikunde, biologie of natuurkunde te kijken. De vijf winnende gedichten worden op posters gedrukt die weer verspreid worden over de middelbare scholen in Fryslân. Daarnaast kreeg iedere dichter een geldbedrag van € 200. “Ik fyn de grutste priis dat ik op in poster drukt wurdt.” aldus Lara Kool.

Lês en harkje fierder by RTV NoordoostLês fierder

It libbensferhaal fan Johan Veenstra: “Ienzemhied was de rooie draod”

logo.ensafh

De yntusken 77-jierrige skriuwer Johan Veenstra neamt iensumens as in reade tried yn syn libben. Dochs hat er mei goed 3.200 optredens hiel wat minsken in noflike jûn besoarge. “Nee, ik hebbe niet stillezeten.”
Hy groeide op sûnder heit, ‘dielt’ in partner en sjocht it skriuwen as iensum wurk. Mar der binne ek mear as genôch fleurige mominten en boppedat kaam koartlyn syn 29e boek yn it Stellingwerfsk út.
Veenstra wennet yn Nijeholtpea, op in pear hûndert meter fan it pleatske dêr’t er opgroeide. Oanstriid om de wrâld yn te lûken hat er nea hân. Op dizze grûn fielt er him thús.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Straters en ’t Gala fan’e Súdwesthoek

logo.ensafh

De frijdachs na de Sneekweek hew ik altyd un bitsje un dubbel gefoël, an’e ene kant bin ik bliid dat de stad wear fan oans wurdt. Mar ik bin ok wel wat mankelyk, foardat je ut in’e gaten hewwe is ut hèrst.
Foarlopech somert ut nòch wel even deur en sitte de terrassen nòch fol. Ondertussen siën ik al foarút, naar 7 en 8 òktober, dan fynt in Súdwest-Fryslân ’t Gala wear plak, un groat múzykspektakel.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Aggie van der Meer ferstoarn

logo.ensafh

Skriuwster Aggie van der Meer is sneon ferstoarn. Sy is 95 jier wurden. Van der Meer skreau in hânfol poëzybondels en mear as tsien romans en novellen. Yn 2019 krige sy de Gysbert Japicxpriis foar har folsleine wurk.
Aggie van der Meer waard op 2 septimber 1927 yn Boalsert berne en bleau dy stêd har hiele libben trou. Sy brocht dêr har bernejierren troch, siet dêr op skoalle en is der ek troud.
Sy wie jierren aktyf foar de Vredesbeweging en skreau foar dy beweging ek artikels. Yn 1964 publisearre útjouwerij Osinga yn Boalsert in berneboek fan Aggie van der Meer mei de titel De Kamiel fan Omke Romke.… Lês fierder